Harkemase Boys tsjin Scheveningen foar plak yn haadtoernoai KNVB-beker

De seleksje fan Harkemase Boys © Orange Pictures
Harkemase Boys nimt it yn de twadde kwalifikaasjeronde fan de KNVB-beker op tsjin Scheveningen, in klup út de twadde divyzje. De Boys wienen frijlotte foar de earste kwalifikaasjeronde.
De Harkiten spylje ien nivo leger. De wedstriid sil plakha op 20 of 21 septimber en wurdt spile op Sportpark Houtrust yn Den Haach.
Trije seizoenen werom stienen dizze twa ploegen ek al tsjinoer elkoar yn de twadde kwalifikaasjeronde fan it bekertoernoai. Doe wûnen de Boys mei 0-1.
Mocht Harkemase Boys winne dat pleatst de klup him foar it haadtoernoai fan de KNVB-beker. Dêryn dogge ek sc Hearrenfean en SC Cambuur mei.