Wer in medalje foar Marrit Steenbergen by EK Swimmen: sulver op 200 meter wikselslach

Marrit Steenbergen © Orange Pictures
Marrit Steenbergen hat tiisdei by it EK swimmen yn Rome in sulveren medalje pakt op de 200 meter wikselslach. Steenbergen swom in tiid fan 2.11,14.
De oerwinning gie nei de Israelykse Anastasia Gorbenko. Sy naam yn it earste part fan de race in grutte foarsprong en joech dy yn it lêste stik net mear út hannen. Sy swom 2.10,92. Dêrefter tikke Steenbergen as twadde oan en de Italiaanske Sara Francheschi waard tredde.

'Winner net sjoen'

Steenbergen tocht efkes dat se foaroan lei: "Ik zag wel de Italiaanse en dacht aan het publiek te horen dat zij voor lag. Ik dacht: als ik haar voorbij ga, dan zit ik goed. De Israëlische had ik dus niet gezien. Maar ik denk niet dat ik twee tienden van een seconde harder had kunnen zwemmen. En zilver is echt supermooi", sei se tsjin de NOS.
De swimster fan Easterwâlde hie yn de kwalifikaasje ek al de twadde tiid delset (2.12,31). Allinnich de Britske Katie Shanahan wie doe flugger (2.11,84).

Mear medaljes

Earder dit EK pakte Steenbergen goud op de 100 en 200 meter frije slach, de 4x200 frij en de 4x100 wikselslach mingd. Brûns wie der op 4x100 frij.
Steenbergen soe tiisdeitejûn ek yn aksje komme yn de finale fan de 4 x 200 frij mingd, mar melde har dêrfoar ôf. Alle races yn Rome hawwe fysyk en mentaal in soad fan Steenbergen easke, sei se tsjin de NOS.
"Het begint echt zwaar te worden. Ik zat er vandaag een beetje doorheen. Ik wil heel graag de estafette zwemmen, maar ik moet mijn energie ook een beetje managen. Nu was de estafette even te veel."
Woansdei, op de slotdei, docht se noch mei op de 4x100 meter wikselslach.