Frou (22) slachtoffer fan masturbearjende man yn trein: 'Gjinien holp my'

In treinstel fan Arriva © ANP Foto
De plysje is op syk nei in man dy't op tongersdeitejûn 28 july him skuldich makke hat oan it skeinen fan de goede seden yn de trein tusken Bûtenpost en Grins. In 22-jierrige frou waard dêr it slachtoffer fan.
De man befredige himsels wylst er tsjinoer de frou út Grins siet. "Ik keek naar beneden en zag dat hij zich aan het aftrekken was. Hij keek ook niet weg, maar hij bleef me recht aanstaren", seit it slachtoffer tsjin RTV Noord.
"Ik schreeuwde het uit, maar niemand deed iets", seit de frou. "Viespeuk! Waar ben je mee bezig?!", raasde de frou. "Hij schreeuwde terug dat ik me met mijn eigen zaken moest bemoeien. Veel mensen keken om, maar niemand deed iets."
De frou is fuortrûn en op in oar plak sitten gien. Dêr kaam se by twa âldere minsken te sitten. "Ik was natuurlijk helemaal overstuur. Die mensen waren heel lief. Ze boden ook aan om met me te wachten tot hij weg was. Maar in Groningen is hij meteen naar buiten gerend."

Sinjalemint

De man soe in wite hûdskleur hawwe en op syn gesicht in tatoeaazje fan in spin. De man is nei alle gedachten tusken de 20 en 30 jier âld en hat koart blond hier. De plysje freget minsken dy't mear witte oer it ynsidint om kontakt mei se op te nimmen.
De frou koe pas op 11 augustus, twa wiken letter dus, by de plysje terjochte om oanjefte te dwaan. De kamerabylden fan Arriva, dy't mar 72 oeren bewarre wurde, binne dêrtroch net mear te efterheljen.

'Help de folgjende kear'

"Het gaat verder wel goed met me", fertelt it slachtoffer. "De eerste keer dat je weer in de trein gaat zitten, kijk je wel goed waar je gaat zitten. Ik ben extra alert, let op wat een man met z'n handen gaat doen."
"Hopelijk gebeurt het nooit weer, maar ik hoop dat mensen na het lezen van dit verhaal helpen als ze een meisje 'Viespeuk!' horen schreeuwen. Dat doet ze niet zomaar."