Nije sprekkers fan it Frysk brûke de taal mar tige sporadysk

Undersiker Mirjam Vellinga © Afûk
Minsken dy't it Frysk op lettere leeftiid leard ha, brûke de taal mar "tige sporadysk". Nei alle gedachten fiele se har minder op har gemak by it brûken fan de taal mei tradisjonele sprekkers.
Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei nije sprekkers fan it Frysk. Undersikers Ruth Kircher (Mercator/Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Ethan Kutlu (University of Iowa) ha in fragelist foarlein oan 264 dielnimmers.
Dy dielnimmers binne net yn it Frysk grutbrocht, mar ha de taal leard mei in kursus. De sammele data toane oan dat as de sprekkers it Frysk brûke, dat dat benammen yn ûnderwiissituaasjes is.
As de nije sprekkers fan it Frysk yn petear binne mei memmetaalsprekkers fan it Frysk, dan komme se meastal net folle fierder as in pear oerflakkige wurden of sinnen.
We ha dy nije sprekkers nedich. It is in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk.
Mirjam Vellinga
En dat wylst wy dy nije sprekkers wol nedich ha, seit ûndersiker Mirjam Vellinga. "Foaral as se hjir wenjen bliuwe, in sosjaal libben opbouwe en bern krije. It is in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk."

Ungemaklik

Neffens de ûndersikers fiele nije sprekkers har minder op har gemak by it brûken fan it Frysk mei tradisjonele sprekkers as mei oare nije sprekkers.
Tagelyk jouwe de ûndersikers oan dat mear ûndersyk nedich is om dat echt fêst te stellen. "Wat makket no dat minsken har ûngemaklik fiele?", seit Vellinga. "Dêr wolle we mear oer witte."
It ûndersyk is ûnderdiel fan it projekt 'New Speakers of West Frisian'. Doel fan it projekt is om út te sykjen wannear't, wêr en mei wa't nije sprekkers it Frysk brûke, hokker fariabelen fan ynfloed binne by it brûken fan de taal en wat de rol fan tradisjonele sprekkers dêrby is.
De ûngemaklikheid fan nije sprekkers om it Frysk te brûken, is net goed om it Frysk fitaal te hâlden, sizze de ûndersikers.
Memmetaalsprekkers ferbrekke har gau, se ferbetterje flaters fan nije sprekkers en se laitsje ek om it oanlearde Frysk. Earder ûndersyk hat oantoand dat sokke reaksjes derfoar soargje dat nije sprekkers har "gekleineerd" en teloarsteld fiele en har skamje. Boppedat rint it selsfertrouwen ek tebek.
It is hiel maklik om op it Nederlânsk werom te fallen. Dat dogge de memmetaalsprekkers ek, wylsto as nije sprekker mei dyn goede gedrach Frysk besikest te praten.
Mirjam Vellinga
"Nije sprekkers moatte in drompel oer", seit Vellinga. "Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten."
Der spilet mear mei. "It is hiel maklik om op it Nederlânsk werom te fallen. Dat dogge de memmetaalsprekkers ek, wylsto as nije sprekker mei dyn goede gedrach Frysk besikest te praten."
Dat wylst it ferbrekken ek sjoen wurde kin as foarm fan hoflikheid: minsken ha it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de minderheidstaal (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy't dat net of minder goed fersteane.

Trochsettingsfermogen

Vellinga: "Je moatte it der hast altyd even oer ha. As nije sprekker moatst hiel faak oanjaan datst it just leare en brûke wolst. En dêr ha je net altyd nocht oan."
It ferget dus ek trochsettingsfermogen fan nije sprekkers. "Hielendal as je beiden ek in oare taal sprekke dy't je prima begripe en prate, lykas it Nederlânsk."
Yn de gefallen dat de nije sprekkers it Frysk wol brûkten, wie dat ûnder oare mei buorlju, yn winkels, mei famyljeleden en yn de sportskoalle. In soad respondinten seinen dêr lykwols by dat it dan gong om mar "een woordje" of "een paar zinnen".

Taalkundige ûnwissichheid

Neffens de ûndersikers kin dat ferklearre wurde troch 'taalkundige ûnwissichheid'. Dat kaam ek nei foaren troch antwurden as "Ik heb het Fries geleerd om het te kunnen spreken, maar ik doe het nooit want ik durf het niet."
In oar lei út dat er him net op syn gemak fielde by it praten fan it Frysk: "Ik zou meer Fries willen spreken, maar ik merk dat ik me daar niet prettig bij voel, onzeker. Bang om gecorrigeerd te worden."
De situaasje is ferlykber mei minsken dy't Nederlânsk leare wolle. Dy meitsje faak mei dat Nederlanners oerskeakelje op it Ingelsk, omdat dat makliker praat en omdat se it geduld net ha. "Ik ha kunde yn Amearika hjir wenjen", fertelt Vellinga. "Dy praat altyd Nederlânsk, mar hy krijt njoggen fan de tsien kear Ingelsk werom, ta syn grutte frustraasje."
It sit hiel bot yn ús om ús oan te passen oan de taal fan de oar.
Mirjam Vellinga
Dat soks gebeurt, is omdat we yn Fryslân en Nederlân it net wend binne om in twatalich petear te fieren, wêrby't de ien taal A praat en de oar taal B. "Ik besykje it sels wat faker te dwaan. Ast dat faker dochst, fielt it ek minder ûngemaklik. It is in kwestje fan oefenjen, want it sit hiel bot yn ús om ús oan te passen oan de taal fan de oar."
De tradisjonele sprekkers fan de taal spylje just in wichtige rol by de mooglike motivaasje fan nije sprekkers. It oanmoedigjen fan nije sprekkers om troch te setten wurket faak it bêste, benammen omdat de tradisjonele sprekkers dêrmei witte litte dat se ek graach wolle dat der nije sprekkers fan de taal komme.
De ûndersikers binne noch net klear mei it ûnderwerp. De folgjende stap is om ferskillen yn kaart te bringen tusken minsken dy't de taal leare wolle om it te sprekken en minsken dy't it allinnich begripe wolle.