Man dy't mei drone drugs dropte yn Ljouwerter finzenis komt foarearst frij

In drone © ANP Foto
In Ljouwerter (32) dy't derfan fertocht wurdt dat er yn maart fan dit jier mei help fan in drone in pakketsje mei xtc, hasj en in mobile telefoan dropte op it binnenplak fan de finzenis yn Ljouwert mei fan de rjochtbank syn berjochting yn frijheid ôfwachtsje.
Njonken dat er drugs dropt hawwe soe yn de finzenis, wurdt de Ljouwerter der ek fan fertocht dat er yn oktober ferline jier besocht hat xtc en hasj nei binnen te smokkeljen. Fierder soe er in tal stellerijen op syn kerfstôk hawwe en soe er him skuldich makke hawwe oan heling en drugshannel.

Krekt berne dochter

De man siet yn twa ferskillende proeftiden. Mei troch in geunstich rapport fan de reklassearring skorste de rjochtbank it foarriedige fêstsitten fan de Ljouwerter, dy't yn july heit wurden is. Hy seach der nei út om syn krekt berne dochter te sjen en fêst te hâlden, sei er tsjin de rjochtbank.
Hy is fan doel om him te bewizen tsjinoer de maatskippij en syn dochter. "Ik wil de maatschappij nooit meer tot last zijn. Ik wil de vader worden die ik nooit heb gehad", sei er ta.

Mooglik werom nei de finzenis

De saak wurdt op 23 septimber ynhâldlik behannele. Foarsetter Bert Dölle warskôge noch wol dat de kâns bestiet dat de rjochtbank dan dochs beslút dat de man werom nei de finzenis moat.