Yntroduksjewike LEIP yn Ljouwert dit jier net allinnich foar nije studinten

© Omrop Fryslân
De yntroduksjewike LEIP yn Ljouwert is dit jier net allinnich foar earstejiersstudinten, mar ek foar de studinten dy't dit de ôfrûne jierren misse moatten ha.
LEIP-organisator Derk Veldhuis ferwachtet dizze wike sa'n twatûzen studinten. "En de tweede- en derdejaars zijn ook van harte welkom, al zullen die vooral deelnemen aan het avondprogramma."
Twa twaddejiersstudinten dy't moandei by de start wienen, ha it ferline jier bot mist. "Echt zonde dat het toen niet door kon gaan. Je bent nieuw in de stad, dan wil je ook nieuwe mensen leren kennen. Dat is met zo'n introductieweek toch wat gemakkelijker."
In oar is ek yn de coronaperioade begûn te studearjen yn Ljouwert. "Dan het is leuk om nu de stad alsnog op deze manier te leren kennen."
Yntroduksjewike LEIP dit jier ek foar twadde- en treddejiersstudinten
Dat is ek wêrom't de Leeuwarder Eerstejaars Introductie Periode oait begûn is. "Studenten hadden altijd al een Studiestartweek", leit Veldhuis út. "Daarbij maak je vooral kennis met je school en je opleiding, maar wij willen ook dat je kennismaakt met je klasgenoten en met Leeuwarden."

Ruterskertier en Doelesteech

Sels hat er dat bygelyks mist. "Toen ik de Studiestartweek had gehad, wist ik niet waar het Ruiterskwartier of de Doelesteeg was. En dat is toch waar je als student naartoe gaat. We wilden de stad op de kaart zetten."
Dat begjint moandeis tradisjoneel foar it LEIP-festival. De studinten wurde traktearre op optredens fan ûnder oare Davina Michelle, The Partysquad en Kraantje Pappie. "Ik bin ekstra bliid mei Kraantje Pappie", seit ien fan de earstejiersstudinten. "Dat fyn ik in hiele goede artyst. Dûnsje sille we sowieso!"