Negatyf swimadvys foar Lemsterstrân: te folle baktearjes

Foar it Lemsterstrân by De Lemmer jildt fan moandei ôf in negatyf swimadvys. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat dat út namme fan de provinsje Fryslân ynsteld om't it tal baktearjes heger is as de tastiene noarm.
It swimmen by it Lemsterstrân kin neffens de FUMO soargje foar in ferhege kâns op mage- en termklachten. Der binne warskôgingsbuorden pleatst.
It swimmen yn natuerwetter bringt neffens de FUMO altyd risiko's mei him mei. Dêrom advisearje se om je nei it swimmen goed ôf te spielen, sa min mooglik wetter yn te slikken en net te swimmen as je wûntsjes hawwe.
Negatyf swimadvys foar Lemsterstrân: te folle baktearjes