Resinsje fan 'Het verdriet van de Zuiderzee': "Alles ferglydt"

Henk te Biesebeek beskôget Het verdriet van de Zuiderzee © Orkater
'Het Verdriet van de Zuiderzee' mei net oansette ta doemtinken. Dochs leit de klam yn de foarstelling op de negative gefolgen fan it ôfsluten fan de Sudersee. Gelokkich wol mei de nedige irony en humor.
In moaie boeiende foarstelling op in prachtlokaasje. Alwer! It begjin fan de foarstelling bringt de taskôger daliks op it puntsje fan 'e stoel.
Wylst it publyk it toanielbyld noch yn him opnimt - in prachtlokaasje oan de Iselmar mei sicht oer it wetter en de Aldemardumer Klif - komt in fûgelfiguer stadich op har ta. Mei syn fluitsjende lokrop, soms ferliedlik dan wer hoedsum, krijt dizze fûgel, yn wa't we de Fryske musikus Sytze Pruiksma werkenne, in kloft soartgenoaten efter him oan.

In spegel foar de minske

In bûnt palet fûgels, mei ûnder oare in reiddomp, in spotfûgel, in leppelbek en in skries, hâldt de taskôgers fuortendaalks in spegel foar.
Nettsjinsteande de fleurige muzyk is it boadskip dúdlik: dy deade see en it fersmoarge lân komt troch jimme. De minsken. "Kijk waar we zijn. Alles verglijdt. Maar nu veel te hard."
In bûnt selskip fan fûgels hâldt de taskôger in spegel foar © Henk te Biesebeek
Regisseur Geert Lageveen, ôfkomstich út Drachten, hat trije jier oan de foarstelling wurke. Fansels hie er dêrby each foar de ekonomyske foardielen dy't de Ofslútdyk de maatskippij opsmiten hat.
Mar syn stúdzje learde him ek dat it ôfsluten fan de Sudersee in soad negative gefolgen hân hat foar natuer, kultuer en in hiele generaasje fiskers.
"Ik wil niet preken, maar de mensen wel bewust maken", fertelde Lageveen earder. Dêrom ek dat yn dizze foarstelling de klam benammen leit op dy ekologyske gefolgen.

Kânsen foar in bettere takomst

It ferhaal is eins simpel. De jongfaam Grietje Bosker, fol fjoer en krêft spile troch Keja Klaasje Kwestro, hat skjin genôch fan har earmoedige bestean as fiskfrou. Sy sjocht yn de plannen fan yngenieur Lely om de Ofslútdyk oan te lizzen folop kânsen foar in bettere takomst. Dy siket se by de bruorren Minne Minnes en Inne Minnes de Vries.
Nick Livramento Silva en Jasper Stoopsel as de fiskers Minne Minnes en Inne Minnes © Ben van Duin
De bruorren De Vries fiskje tegearre op harren lytse tsjotter en binne tefreden mei har fangst en minimaal bestean. 'Kantjesvissers', sa wurde se spottend troch de eigen mienskip neamd. Mar sy binne lokkich, al dreamt Inne wol fan in gruttere karriêre op in nije Lemster aak.
Ta ôfgrizen fan Minne sjogge beiden hoe't hieltyd mear fiskers har boaten ynsette foar de oanlis fan dy ferflokte Ofslútdyk. "De vergoeding voor één vracht keileem is voor ons een hele week vissen", realisearret Inne him.

Werklikheid

Mar Minne ferset him tsjin dizze 'toer fan Babel', dy't de see dea meitsje sil. As syn oprop ta protest lykwols neat opsmyt en syn netten mear graten as fisk befetsje, jout er belies. Hy leit syn pet op it klif, docht in string lead om 'e mul en rint de see yn.
Krekt as de Hylper fiskerman Doede Mulder himsels yn 1933 om dy reden werklik tekoart dien hat, sa witte wy yntusken. Dat jout tagelyk de mearwearde oan fan it stik. De hiele foarstelling is basearre op de werklikheid, in stikje Fryske skiednis.

Boereprotesten yn oar deiljocht

Inne hat yntusken keazen foar in bestean as boer op de nije grûn. En Grietje dy't de leafde fan Minne net krije koe, hat aaien foar har jild keazen en is mei him mei gien. In bytsje absurd om te hearren hoe't hy it lân ryklik bewurket mei tonnen gif om in bettere rispinge te krijen.
En hoe't hy tsjin de miggepleach yn de polder in fleantúch grutte wolken gif oer it lân útstruie litte wol. Dat set dan alle boereprotesten dy't we ûnderweis tsjinkaam binne wol wer efkes yn in oar deiljocht. "De boer is de hoeder fan de natuer!"
Keja Klaasje Kwestro as Grietje Bosker mei muzikant/akteur Harald Austbo © Ben van Duin
Lageveen hâldt lykwols wurd dat hy gjin ferdommenis preekje wol. En dat docht er mei in soad humor. Benammen as de akteurs en muzikanten yn har treflik spile dûbeldrollen as fûgels, alle tafrielen fan iroanysk kommentaar foarsjogge.
Bygelyks de leafdesrelaasjes tusken man en frou op 'e kerrel nimme. "Waarom doen jullie zo ingewikkeld? Waarom maken jullie elkaar zo ongelukkig?" En dêrby byldzjend sjen litte hoe't sy dat better oanpakke. Prachtich.

Leagenbank

Hearlik ek dy sêne fan de âlde fiskers mei har sterke ferhalen op de leagenbank. Dan docht ek bliken hoe mearsidich alle spilers en muzikanten binne. In treflike gearwurking fan sang, muzyk en aktearjen op heech nivo. In komplimint ek foar Radek Fedyk en Sytze Pruiksma foar de komposysjes. Niks gjin yntellektuele ynstrumintale keunststikjes, mar deechlik makke teätermuzyk.
Wat dat oanbelanget hoecht de taskôger ek gjin eksperiminteel teäter mei artistike ferrassings te ferwachtsjen. Lageveen hat fan 'Het Verdriet van de Zuiderzee' tradisjoneel teäter makke. Yn in perfekte útfiering, dy't gjin momint ferfeelt. Dat dan wol.
It fertriet van Minne Minnes spile troch Nick Livramento Silva © Ben van Duin
Oangripend ek om te sjen hoe't Grietje Bosker hieltyd djipper yn har ellinde fuortsakket. Tuskentroch wurdt it publyk konfrontearre mei it grouwélige feit dat de polderdiken oanlein wêze soenen mei tusken it pún noch slachtoffers fan it bombardemint fan Rotterdam.

Earbetoan oan Joop Mulder?

Dy frou, dy't just feilichheid en takomst fan de dyk ferwachte, stiet no as it 'stille wyfke fan de see' oer it wetter te stoarjen. Wachtsjen op fiskers dy't net weromkeare...
Dat byld, hoe't sy steunt op har kuierstôk, die my sterk tinken oan it stânbyld fan it wyfke by Baaidunen op Skylge. Fier socht faaks, mar ik seach hjirby ek in bytsje in earbetoan oan Joop Mulder. De artistike idealist, dy't mei teäter en keunst him ek ynsette foar it behâld fan de natuer.
De Ofslútdyk makket de Sudersee ta Iselmar mei alle gefolgen © Ben van Duin
Grietje hat gjin each mear foar de positive punten fan de wolfeart. Oan har lijen komt pas in ein as Minne Minnes har heljen komt om te nachtfiskjen op see. Dan fielt se har wer lokkich en kin freedsum stjerre.

Preek

Foar my koe it boek dêrmei ticht. Mar Lageveen lit de fûgels noch ien kear weromkomme. Mei in loftich en beskôchlik liet.
Safier noch prima. Mar Lageveen giet fierder. En lit de fûgels de minske oproppen om mei-inoar frij nei in Grykske sege in paradys yn de wolken te bouwen. Wêr't alles goed en skjin wêze sil.
En tink derom: mei-inoar! "Jullie werken vanaf de grond. Wij vanuit de lucht. En meteen beginnen, anders is het te laat!" Dochs in bytsje in preek ta einbeslút, dus.