Eaststellingwerf sjit ikeprosesjerûpen de beam út mei in paintballgewear

Sa wurde de beammen besketten © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Ikeprosesjerûpen bestride mei in paintball-pistoal. It klinkt nuver, mar yn de gemeente Eaststellingwerf wurdt it dien. It is ien fan de tsien gemeenten dy't meidocht oan in proef.
It is foar it earst dat dizze technyk yn Nederlân brûkt wurdt. Fan oarsprong komt de paintball-technyk út Sweden. It is ûntwikkele troch ûnôfhinklike ûndersikers en wittenskippers.
Mei dizze metoade wurdt in spesjale lokstof yn in beam sketten. Dat moat derfoar soargje dat de pearing fan de ikeprosesjeflinter fersteurd wurdt.
Eaststellingwerf sjit ikeprosesjerûpen de beam út mei in 'paintballtechnyk'
"In dit gebied brengen we met een paintball-geweer feromonen aan in de bomen", leit Henry Kuppen út, beamtechnysk adviseur. "Feromonen zijn een soort lokstof die vrouwelijke vlinders uitzenden. Door de grote hoeveelheden van deze lucht in de omgeving proberen we zowel mannetjes als vrouwtjes te verwarren."
Dy betizing hat gefolgen, seit Kuppen. "Voor de mannelijke vlinders zijn er minder vrouwelijke vlinders dan verwacht. Ook komen er minder vrouwtjes naar deze omgeving omdat ze denken dat er al heel veel actief zijn. Hierdoor zullen er in dit gebied minder eitjes worden afgezet."
It is in kwestje fan goed rjochtsje © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Om mei in paintball-gewear de feromonen yn de beam te sjitten is in fergunning nedich. Guus Hellingman hat in wapenfergunning en is dêrom frege om te helpen.

Wapenfergunning

Hellingman: "Ik heb nu ongeveer 40 bomen gehad, dus we zijn net iets over de helft. Het is niet mijn hobby, maar je moet een vergunning hebben om met een paintball-geweer buiten een schietbaan of evenementen terrein te mogen schieten. Deze staat op mijn naam dus daarom mag ik schieten."
In spesjaal warskôgingsboerd © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De metoade, ek wol 'paringsverstoring' neamd, is ien fan de wizen om de striid tsjin de ikeprosesjerûp oan te gean. Henry Kuppen is posityf oer de technyk: "Deze methode heeft eigenlijk nul neveneffecten op andere flora, fauna en insecten. Het feromoon is heel specifiek. Alleen de mannetjes van de eikenprocessievlinder kunnen dit feromoon waarnemen en zij raken alleen verstoord."

Iennige proeflokaasje yn Fryslân

By de Helomawei yn De Fochtel del wurde 70 beammen behannele. "Het is de enige locatie in Friesland en we zijn erg blij dat we hier ook een locatie hebben", seit Kuppen.
Ien fan de ikebeammen © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Yn de simmer fan 2023 wurde de resultaten fan de proef bekend. De effektiviteit fan de paintball-technyk wurdt dan beoardiele. Dêrnei sil sjoen wurde oft dizze metoade faker ynset wurde kin tsjin de ikeprosesjerûp.