Plysje op syk nei tsjûgen fan ynsidint mei fytser by De Langelille

De Langelilleweg © Google Street View
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in ynsidint by De Langelille. Ofrûne tongersdei rekke by de Langelilleweg in man ferwûne, hy waard dêr ûnder it talúd oantroffen.
De fyts fan de man lei njonken him en wie skansearre. De man kin op dit stuit sels net goed fertelle wat der bard is. Hy is om 19.30 oere hinne út Ychtenbrêge weifytst.
De plysje docht dêrom in oprop: wa't wat sjoen hat fan it ynsidint, wurdt frege kontakt op te nimmen.