Yn ferskate Fryske gebieten foel de stroom út, mooglik troch de waarmte

Ferskate gebieten yn Fryslân hawwe te lijen fan stroomsteuringen. Moandeitejûn sieten grutte gebieten yn De Fryske Marren, Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen sûnder stroom, sa lit netwurkbehearder Liander witte.
Yn de omkriten fan Ferwert, Hallum, Hegebeintum, Marrum en Wânswert wiene in lytse 2.000 minsken troffen troch de steuring. Der is in monteur ûnderweis, is is noch net bekend wannear't de steuring oplost is.
Ek yn De Fryske Marren is in grutte oerflakte mei steuring. It giet om hûnderten húshâldingen yn de omkriten fan Balk, Ealahuzen, Harich, Yndyk, Aldegea, Wâldsein en Ypekolsgea. Dizze steuring wie om 22.30 oere hinne wer oplost, mar doe kaam der by De Harkema en Droegeham wer in nije steuring by.
Fierder wie der by Nij Beets noch in lytse steuring, dêr't inkelde tsientallen húshâldingen troch troffen binne. Earder op de dei wie der al útfal fan stroom by Burdaard, Ginnum, Jannum en Jislum.
Waarmte
Liander hat net bekend makke wat de oarsaak is fan de steuringen, mar it soe goed kinne dat dit mei it waarme waar te krijen hat. Dêr warskôge Liander earder al foar.
Trochdat guon ûnderdielen yn it stroomnet te hjit wurde, kin de stroom útfalle. It giet om saneamde 'nekaldietmoffen', ferbiningsstukken tusken kabels. Liander is al jierren dwaande mei in ferfangingsoperaasje, mar dat kostet in soad wurk.