In nije generaasje moat de Ynjebetinking omearmje, fynt boargemaster Van der Zwan

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean op de Ynjebetinking © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hoewol't de belangstelling foar de oarloch yn it eardere Nederlânsk-Ynje tanimt, bliuwt it dreech om jongelju by de betinking te belûken, sei boargemaster Tjeerd van der Zwan foarôfgeand oan de Ynjebetinking op It Hearrenfean.
It strookt net hielendal mei de lanlike trend, konkludearret Van der Zwan. Hy is sels foar de tsiende kear by de betinking. "Twee jaar geleden gaf een jongere een toespraak, maar over het algemeen zijn het toch de ouderen die komen."
Alle jierren wurdt der by it Ynjemonumint oan it Gashoudersplein stilstien by de ein fan de Twadde Wrâldoarloch. De oanwêzigen betinke de slachtoffers fan de oarloch tsjin Japan en fan de Japanske besetting fan it eardere Nederlânsk-Ynje.

Oare betinking foarmjaan

De boargemaster sjocht lanlik dat jongerein mei Yndyske woartels hieltyd mear nijsgjirrich is nei har skiednis en famylje. "Zij zorgen voor een ander soort herdenking, waarbij ook wordt stilgestaan bij de duistere kanten van onze koloniale geschiedenis."
Jonge minsken belûke by de Ynjebetinking is dreech, fynt boargemaster Tjeerd van der Zwan
Fuort nei de Befrijing yn 1945 wie dat wol oars. Foar de oarloch yn 'de East' wie suver gjin belangstelling. "Als het al over Indië ging was het over hoe wij ons koloniaal bezit tegen de stroom in konden terugkrijgen en behouden", sei Van der Zwan.
Mar ûnder druk fan de tiid feroaret dat. "Als je de koloniale geschiedenis van Nederland langs de morele maatstaf legt die we nu hanteren, dan hebben we toch een aantal keren aan de verkeerde kant van de geschiedenis gestaan."
Oanwêzigen by de Ynjebetinking op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De nije generaasje freget omtinken foar de donkere kanten fan de koloniale skiednis. "Wie is hier dader en wie is slachtoffer? Wat was het perspectief van de Indonesische bevolking? Wat en wie herdenken wij eigenlijk op 15 augustus?"
Foar Van der Zwan reden genôch om yn syn taspraak omtinken te jaan oan it bredere ferhaal. De betinking is net allinne foar Europeeske slachtoffers, mar ek Molukkers, Sinezen, Papoea's, Romoesja's en Yndonezyske boargerslachtoffers.
Boargemaster Van der Zwan by it monumint © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De betinking hat foar Van der Zwan ek in persoanlike kant, syn eigen ferline is ferbûn mei it Nederlânsk-Ynje fan doe. "Ik heb ook Indische wortels."

Van der Zwan syn eigen famyljeskiednis

Van der Zwan syn mem waard berne yn Semarang en groeide op yn Bandoeng, op it eilân Java. Mei har âldelju en oare famylje brocht sy de oarloch yn Japanske ynternearringskampen troch.
Hy wit goed te fertellen hoe't syn mem oer de oarlochstiid tocht. "Over de twee atoombommen die de Amerikanen gooiden op Hiroshima en Nagasaki was ze heel duidelijk: hoe verschrikkelijk ook, die bommen vielen net op tijd. Anders had het hele gezin de oorlog niet overleefd."

Der oer prate

Van der Zwan is fan betinken dat it wichtich is foar âlderein om te praten oer wat sy yn oarlochstiid meimakken. "Dat is ook voor de jongeren belangrijk."
"Mijn moeder sprak wel veel over haar verleden, maar er zijn ook velen die dat niet doen. Omdat ze verschrikkelijke dingen hebben meegemaakt en ze hun kinderen en kleinkinderen er niet mee willen belasten."
(Ald-)militêren toane har respekt by de Ynjebetinking © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Om it ferline taastber te meitsjen, besiket Hearrenfean altyd in tema oan de betinking te keppeljen. Dit jier wie dat sport, want ek ferskate topsporters kamen as militêr of boarger om it libben, yn ynternearringskampen of as kriichsfinzene. De boargemaster ljochte in fuotballer en in waterpoloër fan eartiids út.

Sporters yn Ynje

Piet de Haan (1912-1943) gie as KNIL-soldaat nei Ynje en waard oppakt as kriichsfinzene. Hy ferstoar yn 1943 by de hurde twangarbeid oan de Birma-spoarline. Pas nei de oarloch krige de famylje fan de âld-sc Hearrenfeanfuotballer berjocht fan syn ferstjerrren.
De oare sporter, Max van Gelder (1924-2019), wenne yn Ynje en waard nei de ynfal fan de Japanners ynternearre. Hy siet mear as trije jier finzen. Doe't er it kamp yn gie wie er 81 kilo, doe't er der út kaam noch mar 48 kilo. Nei de oarloch hie er noch in grutte wetterpolokarriêre. Hy ferstoar pas in pear jier lyn op It Hearrenfean, fertelde Van der Zwan.
Boargemaster Van der Zwan fertelt oer de sporters © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
It binne mar twa fan dy persoanlike ferhalen, sa as dy der safolle binne. "Hun namen staan voor symbool voor alle Nederlandse gevallenen in dat verre land", sa besleat de boargemaster.
Nei taspraken fan Van der Zwan en fan it Veteranenplatform Heerenveen waard it Nederlânsk Sinjaal Taptoe spile, folge troch in minút stilte, it Wilhelmus en in blomlizzing.