It Fryske Gea posityf nei stikstofpetear mei Remkes: "Ienriedigens mei it kabinet"

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea © It Fryske Gea
Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea is tefreden oer it petear dat stikstofbemiddeler Johan Remkes mei natuerorganisaasjes hie. Neffens De Vries wie der grutte ienriedigens mei it kabinet.
De Vries wie sels net by it petear, mar wie wol fertsjintwurdige fia de koepelorganisaasje LandschapNL. "Us fertsjintwurdiger hat my bypraat en sei dat it in prima petear west hat, hiel konstruktyf. Der wie grutte ienriedigens tusken de natuer- en miljeuorganisaasjes en it kabinet oer de doelstellingen."
Remkes neamde it petear oer it stikstofbelied sels 'een zinvolle exercitie.' It oerlis yn Den Bosch wie bedoeld om skerper te krijen wêr't alle partijen yn it debat steane. In wike lyn gie Remkes al mei lânbou-organisaasjes om tafel.

Net foar de lânbou oer

Neffens De Vries is it net sa dat boere-organisaasjes en natuerorganisaasjes streekrjochte fijannen binne. "Sa sjogge wy it net. Wy steane net foar de lânbou oer."
Natuer is net in partij mei belangen, mar in betingst foar in libbensfetbere planeet.
Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea
De direkteur fan It Fryske Gea seit mei klam: "Natuer is net in partij mei belangen, mar in betingst foar in libbensfetbere planeet. Sûnder natuer hawwe je ek gjin duorsume itensfoarsjenning en ek gjin goede omjouwing foar de mienskip. It is in mienskiplik belang, wy moatte mei-inoar ta oplossingen komme."
De Vries is ta de konklúzje kaam dat der betrouwen is tusken de natuerorganisaasjes en it kabinet. De stikstofdoelstellingen komme oerien tusken beide partijen.

Utfiering yn de provinsjes

Mar oan de doelstellingen leit it 'm ek net, tinkt De Vries. "Wêr't it aanst op del komt is net it 'wat', mar it 'hoe'. Hoe komme je ta wat je wolle? Oer dy útfiering moat wol praat wurde, want dat is net dúdlik."
Remkes moat de partijen earst op de rails sette, mar de útwurking sil yn de provinsjes plakfine, jout De Vries oan. "Dat neame sy 'gebiedsgerichte processen.' Der moatte goede rânebetingsten by it Ryk en de provinsje wei komme om soks goed oppakke te kinnen. Dêr sille de echte diskusjes plakfine."

Maatwurk

De Vries merkt noch op oer de oanpak dy't de provinsje Fryslân keazen hat: "Fryslân hat in eigen line keazen en ik tink dat dy line wol befêstige is fan 'e middei: dat je it yn de provinsjes en gebieten oplosse moatte mei maatwurk. Dêr sille wy hurd oan wurkje."
Stikstofbemiddeler Johan Remkes nei it petear mei de natuerorganisaasjes © ANP
De miljeuorganisaasjes hawwe it kabinet op it hert lein om ek goed nei de yndustry en de loftfeart te sjen. Neffens hat is der sprake fan in natuerkrisis, dy't mei urginsje oplost wurde moat.
Greenpeace, Milieudefensie, Landschappen NL, Natuurmonumenten, Vogelbescherming Nederland, Werkgroep Behoud de Peel, Mobilisation for the Environment en de Federatie Particulier Grondbezit wiene as natuerfertsjintwurdigers by it petear.
Dizze organisaasjes woene Remkes foaral dúdlik meitsje dat it kabinet neat feroarje moat oan de plannen om de útstjit foar 2030 mei de helte werom te bringen.

Folgjende petearen

Njonken Remkes wiene ek stikstofminister Christianne van der Wal en klimaatminister Rob Jetten oanwêzich by it petear. Remkes praat dizze wike noch mei ûnder oare banken en supermerken en takom wike mei gemeenten, provinsjes en wetterskippen. Dêrnei folget de lânbou wer.