'Simmer yn Fryslân': op de wyngerd yn Fryske Peallen

'Simmer yn Fryslân': op 'e wyngerd yn Fryske Peallen
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy moandei yn Fryske Peallen. Ferslachjouwer Esther Dijkstra seach op de wyngerd hokfoar druven sy der allegearre stean hawwe.
Wat eins as grap begûn is no dochs in wyngerd. Al is it allegear in bytsje útfine en eksperimintearje. Sy hawwe druven útsocht dy't it goed dogge yn Fryslân. Dêrfoar hawwe sy ôfsjoen by oare Fryske wyngerds.
Lykas ferline jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tiisdei 16 augustus is Omrop Fryslân yn Snits. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.