Brânwacht sjocht werom op ekstreem drok wykein: “Flinke fysieke uitdaging”

Jan Kees Toxopeus fan Brânwacht Fryslân is wurch nei in ekstreem drok wykein © Omrop Fryslân
Mei leafst 40 brannen yn de provinsje hat Brânwacht Fryslân in seldsum yntinsyf wykein efter de rêch. Troch de waarmte, drûchte en in ferskaat oan lytse en grutte brannen binne de frijwilligers aardich útblust.
"Het was bijzonder druk. Dat kun je ook wel aan me zien", seit Jan Kees Toxopeus, wurdfierder fan Brânwacht Fryslân. Hy wiist op de pûden dy't er ûnder de eagen hat.
De wurkdruk leit heech foar de brânwacht, dy't benammen bestiet út frijwilligers.

Grutte belêsting fan brânwachtlju

"Dit soort weekenden zijn een extra belasting voor onze mensen. We zitten in een zomerperiode, waarin veel brandweermedewerkers op vakantie zijn. Mensen die nu thuis zijn, moeten vaker worden opgeroepen. Daar komt de hitte nog eens bovenop. De warmte is ook een flinke fysieke uitdaging, want een uitrusting kan zo maar 40 kilo wegen."
Rûzich wykein foar Brânwacht Fryslân, sy moasten útride foar 40 meldingen
De brânwacht hie te lijen fan in grut ferskaat oan brannen: fan lytse bermbrantsjes oant in pear grutte brannen.
Freed begûn de ellinde al, mei in grutte brân by aaidoazeprodusint Huhtamaki yn Frjentsjer. Dêr stie in lading pallets yn de brân.
"Daar waren allerlei toevalligheden", seit Toxopeus, "In de nacht van vrijdag op zaterdag werden we geattendeerd op de brand in de palletloods. Toen we net klaar waren met het bestrijden, kregen we een telefoontje over een brand op een boot aan de overkant."
De situaasje liket wat nuver: de brânwacht hat in skoft ekstra tafersjoch holden op it fabryk nei de earste brân fan freed op sneon. Uteinlik giene sy sneontejûn fuort en noch gjin kertier letter fleach de loads mei aaidoazen yn 'e brân.
Dochs is der foarearst gjin ferbân tusken de brannen. Toxopeus: "Dat is onze taak ook niet. Wij moeten het incident bestrijden, daarna zoeken bijvoorbeeld de politie en de verzekeraar uit wat de oorzaken en verbanden zijn."

Wetter oanfiere

Ek nei it wykein koene de sirenen alwer oan, want moandeitemoarn der stie in pear hûndert kante meter oan boskwâl by Oerterp yn de brân.
"Daar hebben we flink erger voorkomen. Bij de bosrand stonden meerdere naaldbomen. Als de brand daar tot de toppen reikt, kan het flink uitslaan. We konden ook voorkomen dat de brand naar heide oversloeg", seit Toxopeus.
Nei de brân by Oerterp © Persbureau Meter noord
By de brân binne ferskate brânweinen mei wetterbakken ynset om wetter oan te fieren. De ôfrune wike waard sa'n tappunt yn de omkriten fan Oerterp foldumpt mei jarre, mar neffens Toxopeus hat dit net mei-inoar te krijen.
"We zetten die waterbakken in zodat de brandweerauto's op de plaats kunnen blijven staan. Die waterbakken kunnen dan op en neer pendelen om water aan te blijven voeren. Bij natuurbranden is het soms lastig om water te winnen, dat kunnen we op deze manier oplossen."
Dizze garaazje yn Surhústerfean stie yn ljochte lôge © ProNews Producties
Toxopeus fynt it in komplimint wurdich dat in soad brannen sa fluch útmakke wurde koene. Sa binne by in grutte brân fan in autobedriuw yn Surhústerfean in soad auto's rêden en in brân mei heabalen yn Rie is net oerslein nei de hinneloads.
Kin de brânwacht noch in pear fan dit soart wykeinen oan? Toxopeus hat dêr betrouwen yn: "Ik hoop het. En anders moeten we kijken of we het op een andere manier wel voor elkaar krijgen. Wij zorgen er voor dat de veiligheid van de burger gewaarborgd blijft."