Sikke Heerschop wint IFKS-silerij yn tredde wedstriid by Heech

Sikke Heerschop wint by Heech © Omrop Fryslân
De tredde wedstriid fan de IFKS is wûn troch Sikke Heerschop mei it skûtsje Ingelskman. Lang lei Brundel oan kop, mar nei in nuvere draai fan de wyn gie Heerschop as earste oer de finish.
De wedstriid hie in dreech begjin. De start om healwei trijen waard in skoft útsteld om't de wyn op dat momint folslein fuortfoel, de mar wie blakstik. Goed in healoere letter koenen de skûtsjes dochs los op de Hegemer Mar yn in op en delbaan.
Doe't de start der úteinlik om 15.10 oere wie, mei wat wyn fan de Iselmar, hienen alle skûtsjes in falske start en moast de startproseduere op 'e nij. It skûtsje Ut en Thús gie dêrby te betiid oer de startline hinne, en moast nochris op 'e nij starte.
Op syn thúswetter kaam Ton Brundel mei de Lytse Lies goed fuort en draaide as earste om de boppewynse tonne hinne, flak dêrnei folge Sikke Heerschop mei de Ingelskman en tred wie Klaas Kuperus fan Makkum mei de Eeltje Baas.
Dêrnei bleau Brundel oan kop, folge troch Heerschop en Froukje Osinga mei de Jonge Jasper gie dêr achteroan. It wie in suksesfolle oanfal en se skode dêrtroch in plakje op.
Brundel bleau lang oan kop. Hy wie spekkeaper mei de rûtes dy't er keas. Sikke Heerschop kaam wol tichterby en Pieter Jilles Tjoelker naam mei de Sterke Jerke it tredde plak fan de Jonge Jasper fan Froukje Osinga yn.

Wyn draaide 90 graden

Yn it lêste rek draaide de wyn 90 graden en dat soarge foar in hiel oar byld. Sikke Heerschop koe goed fan dy wynskifting profitearje, gie Brundel foarby en kaam as earste oer de finish. Twad waard Brundel mei de Lytse Lies en tred Pieter Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke.
Sikke Heerschop seach de wyn oankommen. "En doe wie it 'kat in het bakkie'. Machtich moai! We sieten hieltyd achter Tony en kamen ek hieltyd tichterby. We ha moai syld."
Ton Brundel hie flink de smoar yn oer syn twadde plak. "We hebben mooi gezeild. We lagen mooi op kop en dan ga je net nog even de pissebak in."

De útslach by Heech

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Ingelskman Sikke Heerschop 0,9
2. Lytse Lies Ton Brundel 2
3. Sterke Jerke Pieter Jilles Tjoelker 3
4. Jonge Jasper Froukje Osinga 4
5. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 5
6. Eeltje Baas Klaas Kuperus 6
7. Redbad Wietse Bandstra 7
8. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 8
9. It Doarp Eastermar Geale Tadema 9
10. Eelkje II Jeroen de Vos 10
11. Grytsje Obes Arjen de Jong 11
12. Waaksdom Ulbe Zwaga 12
13. Us Heit Wytse Heerschop 13
14. Ora et Labora Sietse Broersma 14
15. Ut en Thús Floriaan Zwart 15
16. Freonskip Hartman Witteveen 16

Oare klassen

De oerwinning yn de lytse A-klasse gie nei Andries Brouwer fan De Reuzen. It skûtsje De Vriendschap fan Sander Meeter waard twadde en Harm van der Weiden fan de Nije Dei kaam as tredde oer de finish.
Yn de B-klasse gie de oerwinning nei Gerrit Huisman mei de Ut 'e striid. De Verwisseling fan Bas Krom kaam as twadde oer de einstreek en Daan van der Meer mei de Westerwind wie tredde.
Age Bandstra mei Frya Fresena bemachtige it earste plak yn de C-klasse nei in fûle striid mei Jimte Koopmans fan de Deviatie. De Grutte Pier fan Jelle Los waard tredde.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.