Soad lilke reaksjes op deameitsjen fan walrus Freya
It ôfmeitsjen fan walrus Freya yn Oslo ropt in soad reaksjes op. Op Twitter reagearje minsken út hiel Europa fol ûnbegryp. In pear reaksjes.
In soad minsken begripe net dat it bist it ôflizze moast en dat der net wat dien is oan it hâlden en dragen fan de minsken.
Is in walrus in gefaar foar minsken? Wie soks ek dien as it om in seldsume fûgel gie?
'Ofgryslik en ûnferjitlik op elk nivo' is de reaksje fan ien yn Grut-Brittannië.
Ek yn Dútslân ropt it nijs lilke reaksjes op.
Yn de Ingelske krante The Guardian gie in cartoon oer it nijs.
Ta beslút freget Jannette van der Ploeg har ôf oft der net in stânbyld yn Harns komme kin.