Seis moannen selstraf foar bommelding Ljouwerter provinsjehûs

Plysje by it Provinsjehûs yn Ljouwert © Kappers Media
In 23-jierrige Ljouwerter is moandei troch de plysjerjochter feroardiele ta seis moannen selstraf.
Hy die op 13 july in falske bommelding by it provinsjehûs yn Ljouwert. Op dat stuit wie dêr in gearkomste fan de Steaten en waard foar de doar protestearre tsjin ûnder oare it stikstofbelied.
De Ljouwerter moast him yn de rjochtbank ferantwurdzje foar it bedriigjen fan meiwurkers fan it provinsjehûs en omstanners dêr op strjitte. De plysjerjochter nimt it him kwea ôf dat er mei de melding besocht hat it demokratyske proses te beynfloedzjen.

Mestbom

De Ljouwerter hie de plysje belle mei de tekst: "Er is iemand van plan om naar het provinciehuis te gaan met een mestbom, met een mestbom een zelfgemaakte bom. Er schijnt getest te zijn en ik wil niet als er iets mis gaat dat ik met een schuldgevoel blijf rondlopen." Yn de melding hie er in omskriuwing fan himsels jûn.
Seis moannen selstraf foar bommelding Ljouwerter provinsjehûs
De rjochter frege de fertochte wêrom't er him net sels oanjûn hat. Dat doarde de fertochte net: "Ik zag hoeveel heisa het heeft gemaakt. Ik had ook niet door dat er zoveel mensen waren. Ik was mij daar niet bewust van en was bang mij te melden."

Adrenalinekick

Hy die de melding om in adrenalinekick te krijen. Hy hat ADHD, is ympulsyf en siket somtiden spanning. De man wie op it idee kaam troch in film op YouTube. Dêryn hie ien in melding dwaan litten fan in gizeling. Dat rûn ferkeard ôf. De de fertochte woe safier net gean. Hy wie al út op de spanning fan in efterfolging fan de plysje.

Boereprotesten

De Ljouwerter hie syn nocht ek fan de boereprotesten op de Tweebaksmarkt. De fertochte fynt dat de boeren har dellizze moatte by it beslút. Boppedat baalde hy dat er omfytse moast om't de strjitte foar it provinsjehûs dêrtroch hieltyd ôfsletten wie. Achternei hie er spyt fan syn died.

Lang strafblêd

De Ljouwerter hat in lang strafblêd, fan acht siden. Dat is fiertsten te lang, stelde de foarsitter fan de rjochtbank. Wat wol hy berikke mei syn libben? Fertochte: "Het gaat niet zo goed nu." Hy krijt al help, fan de GGZ en hy stiet ek ûnder kuratele. Der wurdt ek sjoen oft hy medisinen krije kin tsjin de driuw om in adrenalinekick te krijen. De fertochte begûn krekt syn libben wat op de rit te krijen. Hy hie wurk en folge rydlessen. Dat is er no allegear kwyt.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Om't it wurk altyd oan de ein fan de middei begûn, ferfeelde er him oerdeis. Ek om't er net folle fertsjinne, makke er him ek skuldich oan stellerij.

'Stevige finzenisstraf past'

De rjochter nimt wiidweidich de tiid. Hy stelt de fertochte in soad fragen en konfrontearret him mei syn gedrach. Dochs freget er him al ôf yn hoefier't de fertochte ree is om wat te feroarjen, om echt help te sykjen. Neffens de offisier fan justysje is bewiisd dat de fertochte him skuldich makke hat oan bedriging De fertochte hat dat sels ek tajûn.
Neffens de offisier hie de fertochte witte kinnen dat de melding sa'n grutte impact hie. En dat er dêrmei ek in demonstraasje fersteurde mei minsken dy't fuortstjoerd waarden, soargen ek foar ûnfeilige situwaasjes. "Er past bij zo'n melding een stevige gevangenisstraf", sei de offisier.
De eask is seis moannen selstraf, minus it foararrest. Om't der gefaar foar werhelling is, wol justysje dat de fertochte fêstsitten bliuwt. De fertochte wie krekt skorst troch de rjochter-kommissaris foar in oare saak. Dêr moat er yn ferbrewaris foar foarkomme.

Advokaat set yn op helpferliening

De advokaat fan de fertochte seit dat it ferhaal fan de ympulsiviteit kloppet. Hy ken de fertochte al fan de earste regels fan syn acht siden tellende strafdossier.
De advokaat wol dat de helpferliening sa gau as mooglik op gong komt. Hy fynt dan ek dat der neier ûndersyk komme moat nei de fertochte. Dêr soe útkomme kinne dat de Ljouwerter minder tarekkenber wêze soe. Hy fynt de eask fan seis moannen te heech. Krekt ek mei it each op de problemen dêr't de fertochte mei wrakselet.

Undersyk nei geastestastân

Neffens him soe de rjochter pas in goed beslút nimme kinne as er wit wat de geastestastân fan de fertochte krekt is. De advokaat wol dat de saak ien of twa moannen oanhâlden wurdt ûnder strange betingsten. Sadat yn de tuskentiid praat wurdt mei de fertochte en goed ûndersyk dien wurde kin. Dan pas soe de Ljouwerter goed holpen wurde kinne. De advokaat seit dat as der selstraf easke wurdt, dan op syn heechst trije moannen.
De offisier fan justysje wol net oergean ta it oanhâlden fan de saak. It giet om snelrjocht. Dat is net om de nocht want de impact wie grut. Hy wol dat dy saak no ôfdien wurdt.

Ekskús fan de fertochte

De fertochte komt as lêste oan it wurd. Hy wol no ûndersocht wurde. Undersyk letter hat gjin doel, want dy straf hat er dan al útsitten. Hy makket ekskús oan de minsken yn it provinsjehûs. Dat fynt er wol passend.

Rjochter: saak net oanhâlde

De rjochter wol de saak net oanhâlde. It foarfal hat in soad impact hân op de mienskip, krekt yn in tiid dêr't alles op skerp siet. De eangst yn it provinsjehûs wie dan ek reëel. De rjochter hopet al dat de fertochte meiwurkje wol oan ûndersyk en helptrajekten. De fertochte bliuwt fêstsitten om't de kâns op werhelling te grut is.

Straf: seis moannen

De rjochter seit dat it om in bedriging giet, en dat dat in hiel slim feit is. Dêrmei komme je oan de woartels fan de mienskip en moatte je seker ditsoarte fan meldings net ha. Hy fynt it spitich dat de fertochte him net sels meld hat. Pas op 3 augustus koe er oppakt wurde nei yngreven ûndersyk. Fanwegen dat slimme feit is de passende straf: seis moannen sel, min it foararrest.
De fertochte giet yn heger berop.