It ferhaal fan de aventoerlike Freya: ferdwaald, ferneamd en deamakke

De walrus by Skiermûntseach © Annemarie Kruger (Natuurmonumenten)
Walrus Freya is dea. Noarwegen hat it bist juster ôfmeitsje litten. Lês hjir hoe't we mei de aventoerlike Freya yn de kunde kamen. En wêrom't se Freya hyt.
It begjint allegear 20 septimber ferline jier. Ut it neat dûkt by de sânplaat Simenssân njonken Skiermûntseach in walrus op. Dat komt net faak foar; de lêste walrus is sa'n 23 jier lyn yn Nederlân sjoen. Walrussen libje meastentiids op driuwiis yn de poalsee. It giet om in wyfke dat earder al by Denemarken en Dútslân sjoen is.

Nei Harns

Soest ferwachtsje dat it bist weromswimt nei it noarden, mar dat is net sa. In wike letter komt de walrus op besite yn Harns. Der wurdt advisearre om it bist gewurde te litten. Om dy reden wurdt it gebiet dêr't se sit ôfsletten foar nijsgjirrige minsken.
Walrus op de pier yn Harns © Omrop Fryslân
Krekt wat letter, begjin oktober, nimt se ôfskie fan Harns. Al is dat net foar hiel lang, want in pear dagen letter komt se werom, se leit op de Suderpier. Jûns stean minsken op wacht om nijsgjirrige minsken tsjin te hâlden.
"Wy bliuwe hjir de hiele nacht sitten om de minsken fan de pier te hâlden. De pier is ôfset om it bist safolle mooglik rêst te jaan. Wy begjinne wer fan foar ôf oan", seit Hidzer de Ruiter fan de diere-ambulânse.
De diere-ambulânse is der ek niet hiel wiis mei dat se werom is. "It is hiel bysûnder, mar spitigernôch is se der wer. Eins heart se hjir net te wêzen. Se siket har plakje, mar nei alle gedachten hat se in ferkearde ôfslach naam."
De walrus op Skylge © Sytse Schoustra
Op 12 oktober dûkt it bist wer op, dizze kear sit se op Skylge. Ut Harns wei is sa'n útstapke net fier.

Freya

No't se safolle yn it nijs is, is in namme foar it bist ek wol handich. Omrop Fryslân freget it publyk om mei suggestjes te kommen en dat smyt sa'n twatûzen reaksjes op. Uteinlik falt de kar op Freya: dat stiet foar striidlustich. "Omdat ze een overlevingsstrijd levert. De naam geeft meteen weer 'laat haar vrij, ja'." De winnende namme is ynstjoerd troch ûnder oaren Esther Moorlag en Wendy Postma.
Media yn binnen- en bûtenlân nimme de namme fuort oer. Fan dat momint ôf is Freya in ynternasjonale bekendheid.
De walrus by Seahouses yn Northumberland (GB) © ANP
Freya ferlit Fryslân en dûkt 18 oktober wer op. Dizze kear net yn Fryslân, mar yn Den Helder, op it ôfskerme marineterrein.
In moanne letter (14 novimber) dûkt in walrus op yn de haven fan Seahouses yn Northumberland, Grut-Brittannië. Al is net hielendal wis oft dit Freya wol is.
Freya yn Oslo © ANP
En dan wurdt it echt stil... yn Fryslân alteast.

Nei Noarwegen

Op 30 maart komt se oan yn Noarwegen, by in pier yn Skjeberg. De Noarske omrop NRK hat it oer in 'walrusberoemdheid'. Dêr wurdt ek troch eksperts advisearre om Freya gewurde te litten. Mar dat slagget net echt.
Op 21 july krije wy berjocht fan Freya út Oslo yn Noarwegen. Allinne is dat gjin posityf nijs, se soarget foar wat problemen dêr. Foaral foar de minsken mei in boat. Se krûpt op de boaten dy't ûnder har gewicht fan 600 kilo sinke.

Stress

In moanne letter sit Freya noch altyd yn Oslo. Se lûkt in hiel soad oandacht. Nijsgjirrige minsken komme manmachtich del om it bist te sjen en om foto's te meitsjen. Dat makket de situaasje foar Freya der net better op. It soarget foar in soad stress, sizze eksperts. In oplossing soe it deameitsjen fan Freya wêze.
Freya yn Oslo © ANP
Dan op 14 augustus is it klear. Freya wurdt deamakke omdat de driging té grut wêze soe.
"Wy snappe dat de beslissing reaksjes opropt, mar ik bin der wis fan dat dit it goede beslút is", seit de Noarske Frank Bakke-Jensen. "We ha in soad respekt foar bistewolwêzen, mar minskelibbens en de feiligens fan minsken hawwe foarrang."
Sander van Dijk fan seehûnesintrum Pieterburen fynt it in "onbegrijpelijke beslissing" om Freya ôf te meitsjen. "Onze ervaring met de walrus hier is dat ze wel een verschijning was, maar niet veel kwaad deed."

Unbegryp

It hie ek oars kinnen, want in pear jier lyn wie der in ferlykbere situaasje yn Ierlân. "Toen hebben ze de walrus toch uit de haven weg weten te houden en te verjagen." Van Dijk fynt it ek ûnsin dat nijsgjirrige minsken derfoar soarge hawwe dat Freya no dea is. "Ik snap dat er wat gedaan moest worden aan de situatie, maar het is te makkelijk om te zeggen dat het de schuld is van de mens."