IFKS-Sjoernaal by Starum: "Se sykje allegear de râne fan de wet op"

Dit wie de IFKS-wedstriid by Starum
Yn de grutte A-klasse fan de IFKS pakte Jaap Hofstee fan 't Swarte Wief de oerwinning. Yn it IFKS-sjoernaal sjogge we werom op dy wedstriid.
Fierder sjocht ferslachjouwer Andor Faber by skipper Koos van Drunen út de lytse A-klasse en hy rint mei op it kontrôleskip fan de IFKS.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.