IFKS-Sjoernaal út in waarm Hylpen wei: "Verrukkelijk dat het weer kan"

It IFKS-sjoernaal út Hylpen wei
Wa't tocht dat it skûtsjesilen nei de SKS ôfrûn wie, hat it mis. De Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) binne wer los. Ferslachjouwer Andor Faber seach yn it gleonhite Hylpen om te sjen hoe't de IFKS dêr belibbe wurdt.
Skipper Cees Riezebos fertelt oer in bysûnder skûtsje yn de C-klasse, Tjibbe de Boer fan de organisaasje jout in ôfskiedsynterview en we sjogge mei Gjalt de Jong werom op de wedstriid yn de grutte A-klasse; dat en mear yn it earste IFKS-sjoernaal.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.