Nije lichting ljeppers skitteret op tsiende edysje Jeugd FK Fierljeppen yn Drylts

Jorrit Bouwstra © Martin de Jong
De tsiende edysje fan it Jeugd FK fierljeppen yn Drylts is in grut sukses wurden. Op de Watte Abma-skânsen gienen de titels nei Jorrit Bouwstra en Yrsa Maats. De jongste kategory waard wûn troch Else Klijn Velderman en Sander Postma.
Jorrit Bouwstra út Reduzum wie titelferdigener by de âldste jeugd en makke syn favoriterol mear as wier. Hy wûn mei in nij skânsrekôr fan 11,49 meter. Hylke Brouwer út Arum pakte it sulver mei 11,15 meter (foar him in nij PR) en Hidde Galema út Nijhuzum waard mei 9,94 meter tredde.
De kategory oant en mei 12 jier op it jeugd FK fierljeppen
By de âldste famkes waard it tige spannend. Regearjend kampioene Yrsa Maats út Surhústerfean like de titel yn de lêste finalesprong mis te rinnen, want se kaam net fierder as it baltsje yn it sânbêd.
Dat baltsje lei op 10,48 meter troch in nij PR fan Viënne van der Knaap út Snits. Maats kaam yn har lêste sprong lykwols ta 10,56 meter (ek in PR) en pakte sa dochs har tredde Fryske titel. Tredde waard Hieke Vogel út Menaam (9,95 meter)
De winners fan it jeugd FK fierljeppen yn Drylts 2022 © Martin de Jong
Yn de jongste kategory oant en mei 10 jier gie de Fryske titel nei Sander Postma út Tjerkgaast. Hy pakte it goud mei 8,66 meter. It sulver wie foar Thijmen Verkaik út Nijemardum (8,49 meter) en Julius Amsterdam út Hylpen wûn it brûns (8,44 meter).

Nederlânsk rekôr

Else Klijn Velderman út Koudum soarge foar in topprestaasje by de jongste famkes. Se ljepte yn de finale mar leafst 9,09 meter, in nij Nederlânsk rekôr. Dêrmei pakte se alwer har twadde Fryske titel.
Nienke Galema út Nijhuzum sprong trije kear in nij PR en waard úteinlik kreas twadde mei 8,29 meter. Alant Haanstra út Warkum wûn it brûns mei 7,93 meter, ek in PR.
De kategory oant en mei 10 jier by it jeugd FK fierljeppen
Thewis Hobma, de Frysk kampioen fan 2011, hat in wichtige rol spile by it ûntstean fan it Jeugd FK. Yn 2010 naam hy it inisjatyf foar it allerearste NK foar de jongste ljepperkes, dy't oant dy tiid eins gjin offisjele wedstriden ljepten.
Der waard yn Drylts in jeugdskâns ûntwikkele mei fiif en seis meter wetter en in fêste hichte, en dat is letter de standert wurden fan it hjoeddeistige jeugdljeppen. It earste Jeugd FK waard organisearre op 9 augustus 2013. Wietse Nauta en Sigrid Bokma pakten doe de titels.

Tal jeugdleden nimt ta

Sûnt dy tiid is it tal jeugdleden bot tanaam. Yntusken hawwe alle ôfdielingen eigen jeugdskânsen en sjogge we de earste kampioentsjes fan doe al werom yn de earste klasse op it heechste nivo, Neffens Hobma kinne we binnen in pear jier in prachtige nije lichting ljeppers temjitte sjen.
Thewis Hobma oer it sukses fan it jeugd FK
Op 27 augustus is der ek noch in Jeugd NK. Dit Nederlânsk kampioenskip foar ljeppers oant en mei 12 jier is om en om yn Hollân en Fryslân. Dizze kear is it NK Jeugd yn Winsum en it set útein om 13:00 oere.