Oare stêden wolle ek in kuierjend bosk nei sukses yn Ljouwert

Swalkjend Bosk yn Ljouwert © Omrop Fryslân
It sukses fan it swalkjende bosk yn Ljouwert soarget derfoar dat no ek oare stêden yn binnen- en bûtenlân ynteresse hawwe yn it projekt. Dat seit artistyk lieder Bruno Doedens fan Bosk.
Sneintejûn kaam der in ein oan it projekt dat in wichtich ûnderdiel wie fan it brede, kulturele festival Arcadia. Doedens is lykwols net fan doel om it projekt yn Ljouwert gewoan te werheljen op in oar plak.
Oare stêden wolle no ek in kuierjend Bosk
"Ze denken al snel: zo'n bos willen wij ook wel", seit Doedens oer de stêden dy't ynteresse hawwe. "Technisch kan dat ook, want dat hebben wij hier wel bewezen. Maar het moet meer zijn dan dat."
Dêrmei doelt Doedens op it ûnderlizzende idee om minsken wat mei te jaan oer de rol fan de natuer en hoe't je dêr mei omgean moatte. Hy is der grutsk op dat tûzenen Ljouwerter skoalbern dêr no mear oer witte troch it projekt.

Bûten de stêd

Wol hie de artistyk lieder graach wat aktiver west bûten de stêd. Dat soks net slagge, kaam ûnder oaren troch corona en it ferstjerren fan inisjatyfnimmer Joop Mulder, dy't dêrfoar oars syn brede netwurk ynsette soe.
Dat it projekt no ôfrûn is, makket Doedens wol wat mistreastich. "Het is een fantastisch avontuur geweest, dus dan hoort weemoed er ook een beetje bij."