Drûchte hellet oerâlde beamstobben by Rinsumageast boppe wetter

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear by ien fan de beamstobben © Omrop Fryslân
Mear as 10.000 jier âlde beamstobben yn de Klaarkampster Mar by Rinsumageast binne boppe wetter kaam. Soks is seldsum, want dêrfoar moat it hiel lang hiel drûch wêze.
It foel de meiwurkers fan Steatsboskbehear dy't it gebiet yn behear hawwe gelyk op. Trochdat de beamstobben gewoanwei yn it wetter lizze, komt der gjin soerstof by. Dêrtroch binne sy moai bewarre bleaun.

Nei de lêste iistiid

It binne oerbliuwsels fan in hiel âld dinnebosk dat ûntstie nei de lêste iistiid. Eins heart it ûnder in dikke laach fean te lizzen, mar dat hawwe de muontsen fan it midsiuwske kleaster Klaarkamp fuorthelle. Dêrtroch kaam it gebiet sa leech te lizzen dat der in lytse mar ûntstie.
Tsientûzen jier âld hout komt boppe wetter troch de drûchte
Boskwachter Gjerryt Hoekstra: "Dizze stobben binne in oerbliuwsel fan in tiid wêryn't Fryslân bedutsen wie mei iepen dinnebosk. Dat wie yn de perioade nei de lêste iistiid, sa'n 15.000 jier lyn. Doedestiids hiene wy hjir in poalklimaat. Op nei it Holoseen ta, it fierste tipke nei de iistiid, begûn it op te waarmjen en dizze dinnebosken ûntstiene doe."
It binne behoarlike stikken hout © Omrop Fryslân
Hoekstra fynt it bysûnder dat de stobben foar it ljocht komme. "Dat je de hân dêr no op lizze kinne. It komt út in perioade dat ek de earste minsken yn dizze regio kamen."
Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear
It is in oerbliuwsel út in tiid wêryn't it klimaat feroare, dat wer sichtber wurdt troch it feit dat it klimaat wer feroaret. De mar wurdt gewoanwei troch sâlt kwelwetter fuorre, leit Hoekstra út. "Mar de mar is eins hielendal drûchfallen, hy slacht hielendal wyt út."