Jonges fan 17 en 20 jier ferantwurdlik foar baldadigens op stasjon Feanwâlden

© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
In 17-jierrige jonge fan Jistrum en in 20-jierrige jonge fan Nijlân binne oanholden op fertinking fan fernielingen op stasjon Feanwâlden. Yn oerlis mei spoarweibehearder ProRail is in proses-ferbaal opmakke.
De jonges rûnen sneontenacht om 22.00 oere hinne oer it dak fan it wachthokje hinne. Dêrtroch is der in lamp stikken gien. Ek sloegen sy tsjin de ruten oan en kuieren sy oer it spoar hinne.
De kosten fan de skea troch de baldadigens sille op de jonges ferhelle wurde, sa hat de plysje witte litten.