Man (55) en minderjierrige fan Oerterp oanholden foar brânstichting Sigerswâld

De brânwacht hat it fjoer by Sigerswâld wer útmakke © Noordernieuws
In 55-jierrige man en in minderjierrige jonge fan Oerterp binne oanholden op fertinking fan brânstichting by Sigerswâld. Der wurdt ûndersocht oft sy ek belutsen wiene by oare ôffaldumpingen.
De brânwacht waard krekt nei middernacht oproppen foar in brân oan de Beakendyk yn Sigerswâld. Der stie sneon op twa plakken ôffal yn 'e brân yn de berms. It fjoer is troch de brânwachten fan Beetstersweach en Norg wer útmakke.
Om't der yn de ôfrûne perioade ferskate brannen west hawwe, wie it tafersjoch ferskerpe. De plysje koe dêrom al frij gau in sinjalemint trochjaan en in auto oan de kant sette oan de Selmien West, yn de buorskip Selmien by Oerterp.
De twa ynsitters binne oanholden en wurde troch de plysje heard.

Ferskate brannen

De plysje ûndersiket oft de manlju ek belutsen west hawwe by oare ôffaldumpingen. Fierder wurdt ûndersocht oft sy in rol spile hawwe by twa oare brannen yn deselde omjouwing sneontenacht, oan de Boskwei yn Sigerswâld en op de Telle yn Oerterp.
De brânwacht fan Oerterp kaam yn aksje by de brân njonken yngong fan in boskgebiet. Dêr wiene strie en takken yn de brân stutsen.
De plysje ropt minsken op dy't wat sjoen hawwe of dy't kamerabylden hawwe om har te melden.