Man oanholden fanwegen lilkens en fernielingen by Hantumer timpel

© Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
In 43-jierrige ynwenner fan Noardeast-Fryslân is sneontejûn oanholden nei fernielingen by de boeddhistyske timpel yn Hantum. Ien persoan rekke troch de lilkens fan de man ferwûne.
De man kaam om 19.30 oere hinne by de Tibetaansk-boeddhistyske timpel oan de Stoepawei om't er mei in freondin prate woe. De man wie lilk en rjochte syn argewaasje ferbaal en fysyk op meiwurkers en besikers fan de timpel.
Op syk nei de frou hat de man in pear doarren iepenslein, fernielde er ferskate ruten en smiet er in swiere blompot troch in raam. In persoan dy't yn de romte efter dit raam lei, rekke lichtferwûne om't er rekke waard troch de blompot en glêsdiggels.
Doe't de plysje ynskeakele waard en op it plak kaam, waard de man wer wat rêstiger. De plysje hat de man ynsletten.