Starum hellet de 30 graden: ek yn Fryslân sprake fan hjitteweach

Starum út de loft wei sjoen © Shutterstock.com (Steve Photography)
Ek yn Fryslân is offisjeel sprake fan in hjitteweach. Neffens waarman Jan Jonkman kaam de termometer sneintemiddei om 15.30 oere op it waarstasjon yn Starum op 30 graden út.
Foar in hjitteweach moat it fiif dagen efterinoar 25 graden of mear wurde en op trije dagen dêrfan moat de temperatuer op 30 graden of mear út komme. Dat wie yn Starum dizze wike it gefal.
Freed wie der yn Hupsel yn de Achterhoek al sprake fan in hjitteweach. Sneontemoarn om tsien oere waard dy lanlik offisjeel helle, doe't yn De Bilt in temperatuer fan 25 graden metten waard. It is twa jier lyn dat der yn Nederlân offisjeel sprake wie fan in hjitteweach.
Snein waard yn Nederlân ek in nij waarrekôr helle. Noch nea earder wie it sa hjit op 14 augustus. Yn De Bilt waard om 11.50 oere in temperatuer fan 29 graden metten, dêrmei waard it âlde rekôr fan 28,7 graden út 1973 ferbrutsen.