Jaap Hofstee fersulveret kopposysje by Starum yn twadde IFKS-striid

Jaap Hofstee fiert de winst © Omrop Fryslân, Andor Faber
Dêr't er sneon noch nei in tsiende plak sylde, gie it snein dat it slydjage foar Jaap Hofstee mei 't Swarte Wief. Hy lei fan begjin ôf op kop yn de A-klasse by Starum en fersulvere dy posysje by de finish.
Der waard in olympyske baan syld by Starum. By de boppeste tonne wie it Hofstee al dy't op it earste plak lei. Op in twadde plak lei Jeroen de Vos mei Eelkje II, folge troch Geale Tadema mei It Doarp Eastermar, Wietse Bandstra mei Redbad en Wytse Heerschop mei Us Heit.

De Vos sakke ôf

Hoe goed De Vos om de earste tonne kaam, hoe min gie it dêrnei mei dit skûtsje. De Eelkje II kaam net mear op gong en in soad skûtsjes fleagen deroerhinne: Klaas Kuperus, Wytse Heerschop, Froukje Osinga, Pieter Jilles Tjoelker en Sikke Heerschop. Stik foar stik hellen sy De Vos yn. It fjild skode yninoar.
Dit wie de IFKS-wedstriid by Starum
By de folgjende tonne waard Jaap Hofstee dan ek folge troch Geale Tadema, Wietse Bandstra, Wytse Heerschop, Klaas Kuperus, Froukje Osinga en Pieter Jilles Tjoelker. Jeroen de Vos wie bot ôfsakke en kaam dêrnei.
‘t Swarte Wief fan Jaap Hofstee © Omrop Fryslân, Andor Faber
Fierder folgen Sikke Heerschop, Sietse Broersma, Sijmen Kalsbeek, Floriaan Zwart en Ton Brundel. Ulbe Zwaga en Arjen de Jong fjochten om it fjirtjinde plak en as lêste kaam Hartman Witteveen noch om de tonne.

Eeltje Baas op jacht

It waard in wedstriid mei grutte wikselingen, útsein yn it foarein. Nei Hofstee en Tadema folge Sikke Heerschop by de boppewynse tonne mei de Ingelskman, mar Klaas Kuperus kaam ek hurd oansilen, op syk nei in gatsje. Syn Eeltje Baas lei oer stjoerboard, wylst de oaren oer bakboard leine.
Oan de ein fan de wedstriid kaam der noch in licht strikerke fan it gemaal by Starum ôf. Hofstee liet him de tsiis net fan 'e bôle ite, Eastermar koe him net mear bedriigje. 't Swarte Wief lei in pear skipslingten foar.
It duorre frij lang foar't de flagge foar de finish omheech kaam, mar Hofstee gie stadich en yn alle rêst troch de wyn en sylde moai nei de einstreek út.
Skipper Jaap Hofstee fan 't Swarte Wief
Skipper Jaap Hofstee is tefreden nei de race. "Wy hiene in hiele moaie start, wy koene der krekt by tuskentroch en hiene sa moai frije wyn. Hy rûn ek folle better as juster, wy hiene wat oars stropt. Juster woe it net echt goed."
Yn it begjin wie der moai wat wyn, mar dy sakke wol ôf. "Dat is foar ús net geunstich, want Eastermar koe krekt wat heger sile. Dus wy wiene bliid dat it ôfrûn wie."
Feest foar de bemanning fan 't Swarte Wief © Martin de Jong
It waar wie sawiesa ôfwachtsjen foar Hofstee. "Want de foarsizzingen wiene nuver. It soe wynkrêft ien of twa wurde, mar by de start wie it trije-fjouwer. It is dreech om dêr op de antisipearjen, wy binne dêr bêst gefoelich foar."

Opstekker foar in nij team

Dat it skûtsje it no sa moai die, is in opstekker foar de bemanning. "Wy hawwe in hiel oar team: wy binne mei acht nije minsken begûn dit jier, sûnder sylûnderfining en al te folle training. Dus wy wisten eins net wat wy ferwachtsje moasten", fertelt Hofstee.

De útslach by Starum

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 0,9
2. It Doarp Eastermar Geale Tadema 2
3. Redbad Wietse Bandstra 3
4. Eeltje Baas Klaas Kuperus 4
5. Us Heit Wytse Heerschop 5
6. Eelkje II Jeroen de Vos 6
7. Sterke Jerke Pieter Jilles Tjoelker 7
8. Ingelskman Sikke Heerschop 8
9. Ora et Labora Sietse Broersma 9
10. Jonge Jasper Froukje Osinga 10
11. Ut en Thús Floriaan Zwart 11
12. Grytsje Obes Arjen de Jong 12
13. Waaksdom Ulbe Zwaga 13
14. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 14
15. Lytse Lies Ton Brundel 15
16. Freonskip Hartman Witteveen Diskwalifisearre (bemanningslist net ynlevere)
Foar de oare klassen waard der allegearre yn in olympyske trijehoek syld by Starum.

De oare klassen

Yn de B-klasse fear Henk Regts mei De Trije Doarpen nei de oerwinning. Twadde waard Gerrit Huisman mei Ut 'e Striid en tredde Steven Zijsling mei Striidber.
Age Bandstra wûn mei syn Frya Fresena it earste plak yn de C-klasse. Jeroen Mous folge him mei Frije Fúgel en Aeger van der Hoeff waard mei Drie Gebroeders tredde.
Yn de lytse a-klasse kaam Andries Brouwer as earste oer de finish mei De Reuzen. De Tiid sil't leare fan Hille Wichers kaam as twadde binnen en Sander Meeter waard mei Vriendschap tredde.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.