Aktrise Leny Dijkstra bliuwt altyd posityf: "Sin en wille kinne in protte tille"

Leny Dijkstra by de tsjerke yn Stiens © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It libben fan Leny Dijkstra-de Vries bestie(t) út toaniel, kabaret en muzyk. En doe't se jong wie ek út sport. Dat wie har útlitklep, of miskien ek wol in bytsje har flecht. Yn it programma Buro de Vries fertelt se har libbensferhaal.
De dochter fan de tige ferneamde kabaretier Tetman de Vries waard berne op 13 juny 1943. Midden yn de oarloch yn Ljouwert, flakby de fleanbasis. Se groeide op yn in muzikale famylje dêr't optreden sintraal stie.
Heit Tetman krige grutte suksessen mei syn stik De tiid hâldt gjin skoft. It waard 1.200 kear spile yn hiel Nederlân, ek foar in hiel soad Friezen om utens. De húshâlding ferhuze geregeld, fan Ljouwert nei Stiens en oarsom.
It libbensferhaal fan Leny Dijkstra-de Vries
Yn Stiens fynt Dijkstra har measte oantinkens. Se siet der op de basisskoalle, boarte om de tsjerke hinne en stie as 3-jierrich famke al yn it kafee op it biljert te sjongen: Bei mir bist du schön fan The Andrew Sisters.

Furoare

Thús waard in soad songen en muzyk makke. Heit Tetman makke furoare mei syn selskip. De mem fan Leny spile ynearsten ek mei yn de stikken fan Tetman. Nei bûten ta wie it in geweldich plaatsje: de kulturele famylje mei grutte suksessen. It wie in fredige húshâlding, mei suske Anneke.
Dochs wie der ek in skaadkant. De suksessen fan Tetman soargen foar in omslach. It sjongen waard der troch heit ynstampt. Yn 1947 kaam der in kanteling. Heit hie in relaasje mei in oare frou. Dat wie bedriigjend. Yn 1949 rekke er oerspand en hâlde op mei spyljen. It wie ûnrêstich.
Us is leard it eigen nêst net te beskiten.
Leny Dijkstra-de Vries
Se ferhuzen wer nei Ljouwert en Tetman begûn in sigaresaak. Doe waard der noch in bruorke berne: Tsjip. Hy waard yn leafde berne, mar wie miskien ek wol in goedmakkerke, seit Leny. Dizze jongere broer is mar 40 jier wurden.

Oppas Hiltsje

Heit koe it lykwols net litte en begûn wer mei spyljen. De húshâlding ferhuze wer nei Stiens. Heit en mem wiene faak fuort en der kaam in oppas: Hiltsje. Lytse Leny wie sljocht op har, mar fan it iene op it oare momint krige Hiltsje dien, omdat se it tsjin Tetman opnaam foar de mem. It wie in trauma foar Leny.
Leny Dijkstra fynt it dreech om dizze kant te fertellen. "Us is leard it eigen nêst net te beskiten. Ik wol solidêr wêze mei heit, mar it wie net maklik. We wiene hiel wiis mei heit, mar hy die soms nuvere dingen."
Leny as poppe © Leny Dijkstra
Doe't Leny âlder waard gie se nei Amsterdam om te studearjen. Se woe graach de toanielskoalle dwaan, mar heit en mem seine dat se dêr gjin drûge bôle mei fertsjinje koe. Se woene dat in famke har eigen broek ophâlde koe, dus waard it Schoevers. "Ik kin steno yn fjouwer talen, mar ik hie fansels nei de kleinkeunstakademy moatten. Mar dy wiene der doe noch net."
Yntusken begûn se ek mei spyljen, want it toaniel luts altyd. Heit hâlde wer op mei spyljen, om dêr letter wer op werom te kommen. Leny woe graach mei it selskip fan Rients Gratama mei, mar dat waard ûntmoedige.
Uteinlik gie se wer mei heit op 'en paad yn in selskip. Dêr kaam in jong lid fan it selskip by: Leo Dijkstra. Hy is no al 55 jier de man fan Leny. In jier as fiif ha se spile troch it hiele lân hinne mei grut sukses en doe sei Tetman wer: it is klear, ik hâld op.
Leny en suske Anneke © Leny Dijkstra
Sporte wie in soarte fan flecht foar Leny. Troch sport koe se de spanningen ferjitte. Se die hânbal en letter hockey. Se waard sels selektearre foar it Nederlânsk alvetal, mar dat gie net troch. Heit woe it net hawwe.
"In dream dy't net útkaam", seit Leny dêroer. Se moast spylje. Der wiene fjouwer húshâldingen ôfhinklik fan it selskip. Se begrypt wol dat it sa gie. "It wie in oare tiid."
Leny en har man Leo Dijkstra © Leny Dijkstra
It jonge stel Leo en Leny wist net wat it dwaan moast. Der wie wol sprake fan panyk. Leo besleat dat hy sels skriuwe soe. Leny wie dêr earst net foar, mar úteinlik slagge it wol. It selskip hie lang sukses.
Leo skreau dêrnjonken ek foar en mei Rients Gratama en foar programma's fan Omrop Fryslân. Leny song jierrenlang it liet fan de wike yn it programma It Wapen fan Fryslân fan Eelke Lok.

Toaniel luts altyd

Leny en Leo krigen twa bern. It optreden en faak fuort wêzen joech har geregeld in dûbeld gefoel. Se woe der foar de bern wêze en it net itselde dwaan as har âlden, mar it toaniel luts altyd.
Mei it selskip giene se lang troch mar it wie ek in ûnwis bestean. Dêrom begûn Leo ek mei wurkjen as tekstskriuwer by in reklameburo. Dêrnjonken skreau hy ek stikken foar Leny, mar ek foar oare organisaasjes.
Yn 1975 kaam de emansipaasje yn it libben fan de jonge aktrise. Se kaam yn de frouljusbeweging en begûn kursussen te folgjen en te jaan. De saneamde VOS-kursussen, om froulju bewuster te meitsjen.

Wa bin ik?

It besef kaam dat se ek solo har wurk op it toaniel dwaan koe. "Ik wie de dochter fan Tetman de Vries, de frou fan Leo Dijkstra en tocht: mar wa is Leny de Vries?" Se begûn solofoarstellingen te dwaan en wurke ek foar Omrop Fryslân. Se wie ûnder oare belutsen by it berneprogramma Bear Boeloe.
Ien fan har earste solofoarstellingen wie 'Is de baas ek thús'. Fierders spile Leny ek stikken by Tryater en yn films lykas De Gouden Swipe út 1996.
© Leny Dijkstra
Leny Dijkstra is no 79 jier. It is in stik rêstiger, mar se is noch altyd aktyf. Mei Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 hat se noch yn in stik meispile. Ek kinne je har stim hearre yn guon reklames.
Ferline jier hat se ek noch in stik spile oer fjouwer generaasjes froulju. It wie op lokaasje, mei de learzens yn de blabber yn de rein. Dat wie wol swier, mar achterôf is se der tige wiis mei dat se dat noch dien hat.
© Leny Dijkstra
En no genietsje Leny en Leo fan it libben, diskusjearje oer de takomst fan de wrâld. Leo is skeptysk oer hoe't it komt, foar Leny is de takomst ek in grutte soarch. Se freget it nûmer Vluchten kan niet meer te draaien, út 1971. "Doe spile it al. En wat ha wy dien? We hawwe 50 jier feestfierd. It is no noch folle slimmer."
It libbensferhaal fan Leny Dijkstra
© Leny Dijkstra
Dochs bliuwt Leny posityf stimd. Dat is ek har libbensmotto. Se stapt altyd fleurich fan bêd ôf. Always look on the bright side of life is it ferske dat dêr by heart.
Op syn Frysk sein: sin en wille kinne in protte tille. "Ja, dat is it", laket Leny. "Sin en wille kinne in protte tille."
'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen wurde sneins om 12.00 oere op de radio ferteld. It folsleine petear is ek as podcast werom te harkjen: hjir of yn dyn podcastapp. It libbensferhaal fan Leny is ek te hearren yn dizze podcast. Dêr in wiidweidiger ferhaal oer har libben.