Omswalkjende walrus Freya deamakke yn Noarwegen: "Onbegrijpelijke beslissing"

Walrus Freya © ANP
Noarwegen hat de omswalkjende en kattekwea útheljende walrus Freya ôfmeitsje litten. It bist waard permanint bedrige troch nijsgjirrige minsken, seine de Noarske autoriteiten.
Dy hiene al warskôge Freya ynsliepe te litten om't minsken harsels troch harren optwingerige gedrach yn gefaar brochten.
Yn de ôfrûne wiken binne der ferskate opsjes bepraat om de walrus út de haven fan Oslo te krijen. Mar neffens de oerheidstsjinst wie ferpleatsing net in opsje. Dat soe muoilik wêze en it wolwêzen fan de walrus skeine kinne.

"Geen voorstander van deze oplossing"

Sander van Dijk fan seehûnesintrum Pitersbierrum fynt it in "onbegrijpelijke beslissing" om Freya ôf te meitsjen. "Onze ervaring met de walrus hier is dat ze wel een verschijning was, maar niet veel kwaad deed."
Neffens him hat der in pear jier lyn in soartgelikense situaasje west yn Ierlân. "Toen hebben ze de walrus toch uit de haven weg weten te houden en te verjagen." Van Dijk fynt it ek ûnsin dat nijsgjirrige minsken derfoar soarge hawwe dat Freya no dea is. "Ik snap dat er wat gedaan moest worden aan de situatie, maar het is te makkelijk om te zeggen dat het de schuld is van de mens."

Skoftke yn Nederlân

Freya swom ferline jier in skoftke om foar de Nederlânske kust, en lei doe op de ûnderseeër Zr.Ms. Dolfijn fan de Walrusklasse. Se brocht goed trije wiken troch by de Waadeilannen en Harns. It wie foar it earst yn 23 jier dat in walrus hjir oan wâl kaam.
De walrus waard dit jier opnij in publyksleaveling. It bist klom yn in fjord by de Noarske haadstêd Oslo op boatsjes dy't dat somtiden net oerlibben.
Meastentiids libje walrussen folle fierder nei it noarden yn it Noardpoalgebiet.

'De skuld fan minsken'

Ek SOS Dolfijn is ferbjustere oer de kar de walrus dea te meitsjen. Neffens de Nederlânske natuerorganisaasje soene der tal fan oare opsjes wêze, lykas hanthavening, in swimferbod of it ferjeien fan Freya.
Undersiker Sophie Brasseur fan Wageningen Marine Research tinkt dat it in drege kar west hat foar de Noarske autoriteiten. "Ik neem aan dat er een professionele afweging is gemaakt. Maar ik vind het heel erg jammer voor Freya."
Eins is it de skuld fan minsken dat it safier komme moast, fynt Brasseur. Mar de kâns op ûngelokken wie reëel. "Walrussen zijn voor mensen levensgevaarlijk."