Ekstreem drokke nacht foar brânwacht: grutte brannen yn Frjentsjer en Surhústerfean

De loads mei aaidoaskes giet yn flammen op © CAMJO media
De brânwacht yn Fryslân hat in drokke jûn, nacht en betide moarn hân mei twa hiel grutte brannen yn Surhústerfean en Frjentsjer. Fierder wiene der noch wat lytsere, mar ek gruttere berm- en natuerbrantsjes by ûnder oare Rie en Sigerswâld.
Yn Surhústerfean binne twa bedriuwen yn ien gebou ferlern gong: in garaazje en in bedriuw yn automaterialen. De earste melding wie om ûngefear healwei alven yn de jûn.
Yn Frjentsjer baarnde in loads mei aaidoaskes út by it bedriuw Huhtamaki. Dy brân waard moarns betiid efkes nei trije oere ûntdutsen.
Yn beide gefallen is ynset op it beskermjen fan de gebouwen deromhinne.
Brânwacht yn aksje by grutte en lytsje brannen
Fan freed op sneon wie yn Frjentsjer ek al brân by itselde bedriuw. Doe fleach in steapel pallets foar it gebou yn 'e brân. Net folle letter gie in boatsje oan de Tuinen yn flammen op.

Ferbân

Oft der in ferbân is tusken de ferskate brannen, koe de brânwacht noch net sizze. Nei de earste brân yn Frjentsjer is wol geregeld kontrolearre, oant en mei in kertier foardat de brân yn de loads útbruts.
De brân yn Surhústerfean © ProNews