Ferskate ûntploffingen by grutte brân yn garaazjebedriuw Surhústerfean

De brân yn Surhústerfean © ProNews
By in grutte brân yn Surhústerfean is in gebou mei dêryn twa bedriuwen folslein útbrând. It giet om in automaterialehannel en in garaazjesaak.
De brân bruts út om 22.30 oere hinne oan de Zoom. De brânwacht skaalde dêrnei gau op nei 'tige grutte brân'. Der wienen ferskate ûntploffingen te hearren.
It folsleine gebou stiet yn 'e brân. Dêrby komt in soad reek frij. It is de brânwacht wol slagge om foar te kommen dat de brân oersloech op oare gebouwen.
De ûntploffingen binne te hearren by de grutte brân yn in garaazjebedriuw yn Surhústerfean