Cambuur skoart wer net, mar hellet wol it earste punt binnen yn Utrecht

Milan Smit baalt nei in miste kâns fan Cambuur © Dijks Media
SC Cambuur hat it earste punt fan dit earedivyzjeseizoen binnen. Op besite by FC Utrecht waard der mei 0-0 lykspile.
De Ljouwerters begûnen yn fergeliking mei ferline wike mei twa nije nammen yn de basis. Léon Bergsma naam yn it sintrum fan de ferdigening it plak yn fan Floris Smand en Remco Balk ferfong Mitchel Paulissen.
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Schmidt, Tol, Bergsma, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Balk, Uldrikis, Smit.
Cambuurdoelman João Virgínia moast yn it earste kertier al fjouwer kear rêdend optrede. De grutste kâns kaam op namme fan Daishawn Redan dy't yn de fjirtjinde minút allinnich op de Portugeeske keeper ôfkaam. Virgínia kaam as winner út dy striid.
Nei goed in healoere wie it wer Utrecht dat in megakâns krige op de iepeningstreffer. Diskear koe Djevencio van der Kust frij foar de goal ynsjitte, mar syn skot gie heech oer.
Yn de blessueretiid fan de earste helte wie Mees Hoedemakers mei in frije trap noch tichteby de 0-1, mar keeper Vasilios Barkas koe de bal noch krekt út de hoeke tikje.
João Virgínia blonk út yn de earste helte © Dijks Media
Jamie Jacobs krige, krekt as ferline wike ek al in oantal kearen, nei it skoft in grutte kâns op de earste seizoenstreffer fan Cambuur. De middenfjilder hie syn fizier lykwols noch hieltyd net op skerp krigen en miste de goal.
De wedstriid rekke, miskien troch de hege temperatueren yn it stadion, sa no en dan bot ferhit. Dat wie lange tiid ek it iennige fermaak yn De Galgenwaard.
Yn de absolute slotfaze hope FC Utrecht noch op in penalty nei in mooglike oertrêding op Luuk Brouwers, mar de VAR seach dat de Utrechter net rekke waard. Dêrmei bleau it 0-0 yn Utrecht.
Cambuur stiet mei ien punt út twa wedstriden no op it trettjinde plak yn de earedivyzje.