Lemster kampioensskûtsje krijt útsûnderlike earepinning De Fryske Marren

Skipper Albert Visser fan De Lemmer © Martin de Jong Fotografie
De Stichting Lemster Skûtsje hat de earepinning fan de gemeente De Fryske Marren krigen. Reden is it kampioenskip yn de SKS foar de Lemsters.
It wie foar it earst sûnt 1988 dat De Lemmer it SKS-kampioenskip wer ris yn de wacht sleepte. "En dat nei twa drege jierren, wêryn't der troch corona net fearn wurde koe. Dat is echt klasse", seit lokoboargemaster Luciënne Boelsma.
Boelsma rikte de earepinning sneon út oan Huite Zonderland fan de stichting en oan skipper Albert Visser. Dy lêste is tige grutsk. "Dit is sa moai, net te leauwen. Dit krijt in moai plakje op it folchskip."
Zonderland hat ek in pear moaie dagen achter de rêch. "Tongersdei ha we al útbundich feest hân, mar it trillet noch wol even nei. Dit is fantastysk. Geandewei de ôfrûne twa wiken krigen we it fertrouwen: dit koe 'm wolris wurde!"

Pas de twadde kear

De ûnderskieding fan De Fryske Marren is yn 2017 ynsteld om organisaasjes of ynwenners te earjen nei in bysûndere prestaasje.
It is pas de twadde kear dat de earepinning útrikt is. Johannes van der Pal krige yn 2018 de earste, doe't er nei sechstjin jier wethâlder wêzen ophold.