Flinke bermbrân lâns A32 by It Hearrenfean

De brânwacht besiket de bermbrân út te meitsjen © Noordernieuws
In flink stik drûch gers hat sneontejûn lâns de sneldyk by It Hearrenfean yn de brân stien. It stik dat yn de brân stie, wie op in talúd tusken de sneldyk en in fytspaad oan de Oranje Nassaulaan.
Doe't de brânwacht oankaam by it plak fan de bermbrân, stie der al in grut stik yn de brân. Dat wie nei de ynset fan de brânwacht wol gau út.
Troch de drûchte warskôget de brânwacht ekstra foar de risiko's op brannen yn de bûtenloft.