Earste doarpspicknick om Grouster park ûnder de oandacht te bringen

Picknick yn it Wilhelminapark yn Grou © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De earste parkpicknick yn it histoaryske Wilhelminapark in Grou is in feit. Alle ynwenners fan it doarp wienen útnûge om twa oeren mei-elkoar te lunsjen.
De picknick is een inisjatyf fan Sabine Vriesema, dy't ek de bisten yn it park fersoarget. Ek Leny Braks fan de organisaasje Grou2030 is derby belutsen.
Mei it inisjatyf wolle se sjen litte hoe moai oft it Wilhelminapark is. Se wolle ek de minsken by-elkoar bringe. "Ik soe it moai fine dat minsken it iepenbiere grien wer mear brûke, dêr is in park foar", fertelt Vriesema.
Earste picknick yn Wilhelminapark Grou
"Minsken rinne der no troch hinne en sjogge wol by de bisten, mar nim ek ris de tiid om hjir even te sitten en bygelyks te picknicken. Dat is folle leuker as yn de eigen achtertún."
Der is net echt wat organisearre, mar dat is just it geheim fan dizze dei.
Sabine Vriesema
Op ferskate wizen is der omtinken jûn oan de picknick. Sa binne der flyers útdield yn it doarp en is de picknick op sosjale media promoate. De minsken is frege om sels iten, drinken, kleedsjes en stuollen mei te nimmen.
Vriesema: "It idee fan dizze picknick is dat it gjin evenemint is, mar dat minsken gewoan komme kinne. Der is net echt wat organisearre, mar dat is just it geheim fan dizze dei."