Nei trije kear goud no EK-brûns foar Marrit Steenbergen

Marrit Steenbergen © Orange Pictures
Marrit Steenbergen en har ploechgenoaten ha op it EK swimmen yn Rome brûns pakt op de 4x100 meter frij. Yn de finale wiene allinnich Sweden en Grut-Brittannië rapper.
Kim Busch, Tessa Giele en Valerie van Roon setten slotswimster Steenbergen ôf op it fjirde plak. It ferskil mei koprinner Sweden wie grut: mear as twa sekonden. Steenbergen makke in soad goed, mar it wie net genôch foar de Europeeske titel.
Grut-Brittannië pakte it goud yn 3.36,47. It sulver wie foar Sweden (3.37,29), dat nei in rappe start fan Sarah Sjöström lang earste lei. Nederlân finishte yn 3.37,59.
Op it foarige EK, in goed jier lyn yn Boedapest, waard Nederlân twadde op dit ûnderdiel. Doe bestie it team njonken Steenbergen út Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk (beiden yntusken opholden) en Kira Toussaint.

Fjirde medalje

It is foar Steenbergen har fjirde medalje op dit EK. Earder pakte se al yndividueel goud op de 100 meter frije slach, de 4x200 meter frij froulju en de 4x100 meter wiksel mingd.
Sneintejûn kin Steenbergen wer in medalje oan har kolleksje taheakje. Dan is de finale fan de 200 meter frij.