Slim ûngelok op N359 tusken Burchwert en Wommels: man (27) ferstoarn

De auto leit op 'e kop yn de sleat © CAMJO Medim
Op de N359 tusken Burchwert en Wommels is sneontejûn in slim ferkearsûngelok bard. In auto bedarre op 'e kop yn de sleat. Dêrby kaam in 27-jierrige man út Hurdegaryp om it libben.
De man ferstoar op it plak fan it ûngelok. De oare ynsittende rekke ferwûne. Earder melde de plysje dat dy persoan slimferwûne rekke wie, mar it slachtoffer hoegde úteinlik net nei it sikehûs.
Ferskate helpferlieningstsjinsten kamen te plak, wêrûnder in traumahelikopter.
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.