Promovendus Sietse Broersma wint mei Ora et Labora earste IFKS-wedstriid

It skûtsje Ora et Labora by Hylpen © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De earste wedstriid fan it IFKS Skûtsjesilen is sneontemiddei wûn troch skipper Sietse Broersma fan Ora et Labora. Broersma is dit jier nij yn de A-klasse nei't er yn 2019 tredde waard yn de B-klasse.
Op it wetter fan Hylpen kaam Ora et Labora by de earste en twadde boppeste tonne noch as sânde oan. By de tredde tonne hie it skûtsje mei as thúshaven Heech lykwols it earste plak te pakken.
De wyn sakke dêrnei fuort, wêrtroch de finish der earder ynlein waard. Broersma joech de lieding net mear fuort en pakte de winst. It debutearjende skûtsje yn de A-klasse Sterke Jerke fan Pieter Jilles Tjoelker einige as twadde. It tredde plak gie nei Sikke Heerschop mei Ingelskman.
Ulbe Zwaga fan Waaksdom waard by de finish net ôfsketten om't hy in falske start hie.

De útslach by Hylpen

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1. Ora et Labora Sietse Broersma 0,9
2. Sterke Jerke Pieter Jilles Tjoelker 2
3. Ingelskman Sikke Heerschop 3
4. Ut en Thús Floriaan Zwart 4
5. Lytse Lies Ton Brundel 5
6. Grytsje Obes Arjen de Jong 6
7. Jonge Jasper Froukje Osinga 7
8. Eeltje Baas Klaas Kuperus 8
9. Eelkje II Jeroen de Vos 9
10. 't Swarte Wief Jaap Hofstee 10
11. Redbad Wietse Bandstra 11
12. It Doarp Eastermar Geale Tadema 12
13. Us Heit Wytse Heerschop 13
14. Raerder Roek Sijmen Kalsbeek 14
15. Freonskip Hartman Witteveen 15
DSK. Waaksdom Ulbe Zwaga 17

Oare klassen

De oerwinning yn de B-klasse gie nei skipper Daan van der Meer mei it skûtsje Westenwind. Lonneke mei skipper Jilles Bandstra waard twadde en it tredde plak wie foar it skûtsje Ale mei skipper Ron Syperda.
Yn de C-klasse wie skipper Aeger van der Hoef mei de Drie Gebroeders de fluchste. Hy liet ûnder mear Age Bandstra mei Frya Fresena en Olphert van der Pol mei Ebenhaëzer efter him op respektyflik it twadde en tredde plak.
De lytse A-klasse wie in proai foar Herke Boskma mei it Lytse Famke. Welvaart fan Tsjibbe van der Veer waard twadde en It Abbegeaster Skûtsje fan Henk Frankena lei beslach op it lêste poadiumplak.
Folgje de IFKS by Omrop Fryslân. It ferslach fan de wedstriid fan de A-klasse bringe we op de radio en fansels is de útslach te lêzen op ús webside en app.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.