Roeisters Clevering en Meester pakke brûns op EK yn München

De roeisters Ymkje Clevering en Veronique Meester © Orange Pictures
De Friezinne Ymkje Clevering en har teamgenoat Veronique Meester hawwe by de Europeeske kampioenskippen roeien yn München it brûns pakt yn de twa-sûnder.
It Nederlânske duo begûn sterk, mar seach de roeisters fan Roemenië (goud) en Grut-Brittannië (sulver) ûnderweis passearjen. It ferskil tusken de Roemeenske en de Britske froulju wie in lytse 2 sekonden. Nederlân joech mear as fiif tellen ta.
Clevering en Meester makken op de Olympyske Spelen fan Tokio noch diel út fan de fjouwer-sûnder, dy 't goed wie foar sulver. Dy boat ferovere de ôfrûne trije jier de Europeeske titel.