Wurkgroep wyldswimmen opset, mar advys bliuwt: "Swim op oanwiisde lokaasjes"

Blau-alch yn it wetter © Omrop Fryslân Oane Hoekstra
Swimme yn iepen wetter is mei de temperatueren fan dizze wike noflik, mar lang net op alle plakken tûk en somtiden sels strafber.
De nije wurkgroep wyldswimmen fan ûnder oare it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, it RIVM en de gemeenten wol ûndersykje hoe't wyldswimlokaasjes feiliger makke wurde kinne.
Op lokaasjes dêr't dat net slagget, siket de wurkgroep út hoe't dêr it wyldswimmen ûntmoedige wurde kin. Ein dit jier komt de wurkgroep mei advizen foar de gemeenten.
Wyldswimme kin ûnfeilich en strafber wêze
It is waarm en dêrom sykje we graach ferkuolling op yn it wetter. Mar we kieze net sa soarchfâldich ús swimplakken út en gean minder ferstannich om mei it bûten swimmen as wy faak tinke, fynt Arjen de Haan fan FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing.
"Yn prinsipe kinne je oeral swimme, mar it is it bêste om dat te dwaan op de oanwiisde swimlokaasjes. De provinsje hat lokaasjes oanwiisd, dêr't de feiligens kontrolearre wurdt en de wetterkwaliteit bemeunstere", leit De Haan út.

53 offisjele swimplakken

Yn Fryslân binne der offisjeel 53 erkende swimplakken. Dy binne útsocht troch de provinsje. Oft de plakken dan ek echt feilich en skjin binne, wurdt test troch kontroleurs fan Wetterskip Fryslân. Dy jouwe harren befiningen troch oan de FUMO.
In warskôgingsboerd foar blau-alch by Heech © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Dêrneist docht de FUMO sels ek testen en ûndersyk, seit De Haan. "De FUMO fiert feiligensûndersiken út by de lokaasjes. Dat betsjut dat wy it wetter yn geane om te sjen oft de boaiem hurd genôch is, oft dy ôfrint en oft der obstakels ûnder wetter binne. Dêrnjonken lette wy op hygiëne: oft it strân skjin is, der gjin fersmoarging is en oft der sanitêre foarsjenningen binne."

Hanthavening

As der bygelyks blau-alch fûn wurdt, dan wurdt it trochjûn sadat der warskôgingsbuorden pleatst wurde kinne. Dochs wurdt der noch in soad op net-offisjele plakken swommen. Ek it advys om net te swimmen by blau-alch wurdt noch wolris negearre. "Dêr kinne je flink lêst fan krije."
Gemeenten hanthavenje op it swimmen op net-offisjele plakken. By farwegen, kanalen en brêgen hanthavenet de plysje. In boete kin al gau oprinne oant 150 euro.

'Net skoalmastereftich bedoeld'

"Ik wil niet zeggen dat het niet verstandig is, alleen weten wij op die plekken niet of de kwaliteit van het water bijvoorbeeld goed is en of het water veilig is", leit deputearre Avine Fokkens fan de provinsje út.
"Mensen kunnen uiteraard elders zwemmen. Maar weet wel dat er een kans is dat er bijvoorbeeld blauwalg aanwezig is. Dan kun je ziek worden. Dat vind ik verre van betutteling, want het is juist heel faciliterend bedoeld: we wijzen goede zwemplekken aan met gratis parkeerplaatsen en toiletten."
Swimwetter yn De Groene Ster by Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom