Waarman Piet Paulusma krijt postúm wurdearringspriis foar syn wurk by de SKS

Kommissaris Brok oerlanget de priis oan Piet syn broer Lume Paulusma © Martin de Jong
Waarman Piet Paulusma hat postúm in priis krigen foar syn wurk by it SKS skûtsjesilen. Yn in folle feesttinte op de slotjûn fan it kampioenskip naam Piet syn twillingbroer Lume ûnder in steande ovaasje fan it publyk de priis yn ûntfangst.
Piet krige de Provinsjale Wurdearringsmedalje, dy't útrikt waard troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Paulusma wie mear as tweintich jier as waarman belutsen by de SKS. Hy ferstoar op 20 maart fan dit jier oan de gefolgen fan kanker.
Kommissaris Brok dielde freedtejûn ek noch oare prizen út. De stimulearringspriis gie nei de Vereniging van Schippers en Bemanningsleden (VSB).
Skipper Harmen Brouwer krige de priis foar de rapste starter: hy wie it faakst as earste om de earste boppeste tonne.