Boargemaster Rijpstra docht berop op gemeenten: 'Help statushâlders oan wenromte'

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Gemeenten moatte mear dwaan om statushâlders oan passende wenromte te helpen. Dat seit boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân. Hy ropt syn kollega-boargemasters op oplossingen te finen yn gearwurking mei de wenningkorporaasjes.
"Als alle gemeenten zich zouden houden aan de taakstelling die hen is opgelegd, dan zou het voor het COA een stuk eenvoudiger worden en zouden mensen sneller in een azc opgevangen kunnen worden", stelt Rijpstra.
As der te min huzen beskikber binne, moatte dy gemeenten kieze foar it bouwen fan tydlike huzen, units of caravans, fynt Rijpstra. No is it noch sa dat de trochstream fan flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning stagnearret. Dêrtroch bliuwe se langer yn asylsikerssintra en krije nije flechtlingen gjin plak.

Krisisopfang yn Drachten

Ek asylsikers dy't út feilige lannen komme, moatte earder weromstjoerd wurde, sûnder dat se échte flechtlingen yn 'e wei sitte. "Er komen te veel mensen die hier niets te zoeken hebben. Keer op keer worden ze weer in procedure genomen, dat verstopt de hele doorstroming. De regering moet zorgen dat de mensen die hier niets te zoeken hebben, terugkeren naar het land van herkomst", seit Rijpstra.
"Dan kun je zeggen: het land van herkomst wil niet meewerken", giet Rijpstra fierder, "maar andere landen doen dat toch vaak anders, die zijn wat steviger daarin. Wat mij betreft worden wij dat ook."
Yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten komme fan woansdei ôf maksimaal 225 asylsikers út it oanmeldsintrum yn Ter Apel. Drachten nimt de taak fan krisisopfang oer fan It Hearrenfean.
De opfanglokaasje yn Drachten © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Kertiermakker Theo Röttjers fan Veiligheidsregio Fryslân is bliid mei de krisisopfang yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten. It gebou hat in soad romte foar sliepplakken. Dêrnjonken kinne yn de sintrale hal aktiviteiten hâlden wurde as it minder goed waar is.
Bûten is in grut gersfjild dêr't yn gearwurking mei it sportbedriuw yn de gemeente Smellingerlân spultsjes dien wurde kinne.
De krisisopfang yn Drachten is foarearst foar seis wiken. Dêrnei kin dizze perioade mei maksimaal; seis wiken ferlinge wurde. It is bedoeld om de oerbelêsting by it oanmeldsintrum yn Ter Apel fuort te nimmen.