Frijwilligerstekoart biste-opfang en biste-ambulânse De Wissel

Frijwilligers by de biste-opfang © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Biste-ambulânses en biste-opfangsintra hawwe in grut tekoart oan frijwilligers. Benammen yn de simmerfakânsje spilet dit probleem. Ek by biste-opfang De Wissel yn Ljouwert hawwe se dêr lêst fan.
It tekoart oan frijwilligers soarget foar in protte problemen by de biste-ambulânse. "Vanavond is er wel een centralist, maar er is geen team voor de dierenambulance. We kunnen dus wel advies geven, maar als vanavond iemand belt, dan kunnen we niet eens op pad. Dit gebeurt de laatste tijd vaker. Het wordt in de meeste gevallen wel opgelost, maar niet altijd", fertelt meiwurker Stephan Bijlsma.
Iedereen moet echt een tandje bijzetten.
Stephan Bijlsma fan De Wissel oer it tekoart
It tekoart komt troch de fakânsjeperioade. In protte frijwilligers, benammen studinten fan Van Hall Larenstein binne op fakânsje.

"Wij hebben gek genoeg baat bij recessie"

Ek moatte der mear bisten opfongen wurde, om't de eigeners dan op fakânsje binne en dan net op it bist passe kinne. Dêrnjonken kieze in protte minsken foar in betelle baan en net foar frijwilligerswurk. "Als er meer werk is, is dat voor ons negatief. Wij zijn gek genoeg gebaat bij een recessie, want dan kunnen wij hier meer vrijwilligers verwachten", seit Bijlsma.
Frijwilligerstekoart by De Wissel
It tekoart hat gefolgen foar frijwilligers en meiwurkers. "Iedereen moet echt een tandje bijzetten", stelt Bijlsma. "Voor je gevoel vraag je soms te veel van mensen en het is ook lastig om goede zorg te kunnen garanderen. Een gewond dier wil je niet op straat laten liggen, dus er moet echt altijd iemand beschikbaar zijn. In sommige gevallen kunnen we alleen advies geven of vragen we de mensen zelf creatief na te denken en bijvoorbeeld de vogelopvang te bellen."
Marijke Waalkers is ien fan de frijwilligers by De Wissel. Se is 80 jier en dêrmei de âldste frijwilliger. Ek sy fernimt dat der net genôch minsken binne. "Ik probeer zo goed mogelijk alle functies tegelijk te doen om toch nog hulp te kunnen verlenen. Dus soms ben ik centralist, chauffeur en bijrijder in één. Dat is wel te pittig voor ons. We zijn dus hard op zoek naar vrijwilligers."