Reedrydmuseum Hylpen set it grutte publyk yn om it argyf troch te spitten

Sa binne der tûzenen foto's opslein op de souder yn Hylpen © Omrop Fryslân
Wa't genôch hat fan de simmerske waarmte, kin him ûnderdompelje yn de Fryske winters fan eartiids. It Reedrydmuseum fan Hylpen hat frijwilligers nedich om reedriders te identifisearjen.
Takom wike organisearret it museum in gearkomste. It giet om it projekt 'Wie schaatst daar?' dat it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen yn gearwurking mei Tresoar opset hat. Op de crowdsourcing-webside FryskeHannen nûgje sy it grutte publyk út om mei te helpen.

Tûzenen winterfoto's

Der is in grutte kolleksje fan hast 14.000 foto's online set út de kolleksje fan it museum. Frijwilligers wurde ynskeakele om te helpen om de foto's te beskriuwen, sa't it museum mear eftergrûnynformaasje krijt. Bygelyks oer wa't der krekt op de foto steane of wannear't de foto krekt makke is.
Reedrydmuseum Hylpen set it grutte publyk yn om it argyf troch te spitten
It argyf op de souder fan it museum bestiet út dokumintaasje oer de Alvestêdetochten, mar ek oer baanwedstriden. It giet om foto's, knipsels, stimpelkaarten, oarkonden, brieven, medaljes en neam mar op. As it mar mei it reedriden yn Fryslân te krijen hat.

De minsken njonken de grutte riders

Pieter Bootsma fan it museum lûkt in doaze iepen mei foto's fan de tocht fan 1963. "Dizze foto's binne ûnder oare makke yn Warkum. Hjir sitte fansels de grutte manlju fan '63 yn. Elts wit fan de winner Reinier Paping, mar je wolle ek witte wa't de minsken njonken him wiene op de foto's."
Pieter Bootsma fan it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen © Omrop Fryslân
It giet dus foar in grut part om de mear ûnbekende riders. "Wy hawwe in soad foto's fan partikulieren krigen. De foto's fan tydskriften en kranten binne by it grutte publyk wol bekend. Mar der is noch folle mear."
Pieter Bootsma fan it Eerste Friese Schaatsmuseum
It museum wol it sa klompleet mooglik hawwe. "Wa wiene dit en witte har bern of bernsbern mear oer dy Alvestêdetocht?" De dielnimmers oan it projekt kinne de foto's dus beskriuwe. Om in lokaasje oan te jaan kin der in prikker op in kaart set wurde.

Argyf yn de jierren 60 oanlein

De kolleksje fan it Reedrydmuseum is oanlein troch Bootsma syn heit, Gauke Bootsma. "Hy is yn de jierren 60-70 al begûn mei it sammeljen."
It wreide stadichoan út, mar benammen de Alvestêdetochten fan 85-86 wiene in ympuls. "Doe kamen der in soad minsken dy't seine: wy hawwe noch foto's fan heit, pake of oerpake. Hawwe jimme dêr wat oan? Is dit wat foar it museum?"
Alle foto's hawwe in nûmer, dy kinne opsocht wurde en dêr kin ek it ferhaal oan keppele wurde. "Dat is wichtich om foar de skiednis te bewarjen. Dêrom is dit projekt mei it online platfoarmFryskeHannen opset."