Geale en Douwe Tadema wolle mei Eastermar wer IFKS-winst pakke

De bruorren Geale en Douwe Tadema © RTV NOF, Mats Gies
It skûtsjesilen sit yn it bloed fan Geale en Douwe Tadema. Mei harren skûtsje 'It doarp Eastermar' begjinne sy sneon oan de IFKS, de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen. Om neat oan it tafal oer te litten, moast it skûtsje op it lêste momint by Starum noch út it wetter.
Dêr op 'e fêste wâl wurdt de ûnderkant fan it skûtsje skjinmakke. "Fersmoarging dy't derûnder sit jout wjerstân yn it wetter, en dan giest stadiger", leit skipper Geale Tadema út. "Dat wolle je net, seker net as je boppe-yn meidwaan wolle."
Geale en Douwe Tadema wolle mei Eastermar wer IFKS-winst pakke
Dat lêste is dit jier wol wer it stribjen: kampioen wurde. Nei twa jierren sûnder IFKS-wedstriden, fanwegen de coronakrisis, hawwe de bruorren en de rest fan it team der wer in soad nocht oan. Sy geane foar in werhelling fan 2018, doe't Eastermar foar it earst kampioen waard.
It skûtsje 'It doarp Eastermar' wurdt opheind © RTV NOF, Mats Gies
"In pear jier ha wy der dêrfoar ek tsjinoan sitten, om kampioen te worden", neffens Douwe Tadema, adviseur op it skûtsje fan Eastermar. "Dan fernimst dat dat lêste stapke set wurde moat. No ha wy it gefoel dat wy der mear klear foar binne. Faak moatte je ien kear kampioen wurde, om kampioen te bliuwen."

Start IFKS

De earste wedstriid fan it IFKS-kampioenskip is sneon op de Iselmar by Hylpen.