'Simmer yn Fryslân': De kuorballers fan De Hoeve witte wêrfoar't sy it dogge

'Simmer yn Fryslân': De kuorballers fan De Hoeve witte wêrfoar't sy it dogge
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy freed yn De Hoeve. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort giet nettsjinsteande de hjitte del by in training fan de pleatslike kuorbalferiening.
Kuorbalklup De Hoeve is drok oan it trainen foar it nije seizoen. De klup docht alles foar- en mei-inoar. "En dat tekenet it doarp ek wol", seit Jetske Otten, trainster fan de klup.
"Wy binne fansels net mei folle hjir, mar mei-inoar soargje wy derfoar dat alles goed komt", jout Jetske oan. Foar it nije seizoen binne gjin soargen. It giet ek benammen om de geselligens.
Lykas ferline jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Moandei 15 augustus is Omrop Fryslân yn Fryske Peallen. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.