Skûtsje It Hearrenfean wint lêste wedstriid yn it SKS-kampioenskip 2022

It skûtsje fan It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It skûtsje fan .It Hearrenfean mei skipper Sytze Brouwer hat de lêste wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022 wûn. Foar it klassemint makke it net in soad mear út. De Lemmer koe al net mear ynhelle wurde en is kampioen.
Alle skippers woenen noch ien kear alles op alles sette foar in goed deiresultaat. Dat late ta twa kear in falske start. Doe't de skûtsjes lang om let wol los koenen, kaam Snits it bêste út de start, folge troch Wâldsein en It Hearrenfean.

Striid om it tredde plak

Sân skûtsjes keazen by de gate foar de iene tonne en sân skûtsjes keazen foar de oare. Wâldsein en It Hearrenfean makken in bettere kar as Snits, wêrtroch't sy foaroan kamen. De winner fan it algemien klassemint, De Lemmer, lei hielendal yn de efterein.
It wie benammen spannend yn de striid om it tredde plak yn it klassemint. It Hearrenfean fan Sytze Brouwer moast seis plakken heger einigje as Langwar mei Harmen Brouwer om noch op it poadium te einigjen. It Hearrenfean en Langwar sieten lykwols tichteby elkoar. Fan seis plakken ferskil wie gjin sprake.

Wâldsein dûkelet werom

Wâldsein koe de kopposysje net fêsthâlde. It wienen de bruorren Brouwer dy't nei ien en twa sylden. Fuort dêrefter kaam Earnewâld op it tredde plak te lizzen. Wâldsein seagen we pas werom op it fiifde plak.
Yn de efterein wie der in akkefytsje tusken Drachten en Huzum. De Huzumers mei skipper Johannes Meeter fearen sa by Drachten fan Jeroen Pietersma op. De Sneker Pan mei Jappie Visser sette in betinklike prestaasje del. By de start leinen se noch foarop, mar de Snitsers foelen werom nei it trettjinde plak.
It Hearrenfean slagge der wol yn it earste plak te ferdigenjen. Langwar einige as twadde en Huzum kaam as tredde oer de einstreek, mar sy krigen 14 punten troch de situaasje mei Drachten. De Lemmer, de winner fan it algemien klassemint, einige op it lêste plak.
In gearfetting fan de leste wedstriid fan it SKS-kampioenskip
"Wy binne hartstikke bliid", seit Sytze Brouwer fan It Hearrenfean. "We hawwe muoisume fjirtjin dagen hân en ast sa ôfslute kinst, dan kinst mei in goed gefoel nei folgjend jier."

De útslach fan de lêste SKS-wedstriid by Snits

Skûtsje Punten
1. It Hearrenfean 0.9
2. Langwar 2
3. De Heale Moanne 3
4. Súdwesthoeke 4
5. Earnewâld 5
6. Grou 6
7. Drachten 7
8. Wâldsein 8
9. De Jouwer 9
10. Ljouwert 10
11. Akkrum 11
12. Snits 12
13. De Lemmer 13
14. Huzum 14
Skipper Albert Visser fan kampioen De Lemmer krige it sulveren skûtsje útrikt, dat is de priis foar de winner fan it einklassemint. Yn dat klassemint waard Grou twadde en Langwar tredde.

It einklassemint

Skûtsje Punten Oflûk
1. De Lemmer 32,9 13
2. Grou 39,7 13
3. Langwar 45,6 12
4. It Hearrenfean 49,8 10
5. Ljouwert 62 12
6. Earnewâld 64 14
7. Huzum 71 14
8. Snits 74 14
9. De Jouwer 79,9 14
10. Drachten 83 13
11. De Heale Moanne 86 14
12. Akkrum 93 14
13. Súdwesthoeke 96 14
14. Wâldsein 96 14