It slagget it Wetterskip net oeral mear om genôch wetter oan te fieren

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
It slagget Wetterskip Fryslân net mear om oeral genôch wetter oan te fieren. Benammen by de hegere sângrûnen en de heechwettersirkwys yn de feanpolders is it dreech.
It is alle heins op 't dek om de gefolgen fan de drûchte te beheinen, lit Wetterskip Fryslân yn in nije update oer de drûchte witte. Ut foarsoarch is yn de polders it peil al heger as it simmerpeil brocht en wurdt der ekstra ynset op trochstreamen.
Nettsjinsteande dat binne der dus op guon plakken al problemen. De kommende wike wurdt ek kwetsbere parten yn de feandiken kontrolearre.

Allerhanne maatregels

Troch it ynlitten fan wetter út de Iselmar kinne de marren, kanalen en poldersleatten fan de Fryske boezem noch goed op peil hâlden wurde. De rayonbehearders fan Wetterskip Fryslân binne drok dwaande om foar oanfier en trochstreaming te soargjen. Dat bart ûnder oare troch planten út de fearten te heljen en te hekkeljen.
Drûchte by Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Troch de slûzen by Harns minder faak foar rekreanten te iepenjen, besparret it Wetterskip op it ynlitten fan Iselmarwetter. Want troch minder sâlt wetter binnen te litten is der ek minder swiet wetter nedich foar it trochspielen. Ek wurdt tydlik minder wetter brûkt om de boezem troch te spielen nei de Lauwersmar.

Oprop: wês sunich mei wetter

Wetterskip Fryslân freget Friezen om de gefolgen fan drûchte te beheinen troch net op de hjitste mominten fan de dei te bereinen en it ropt minsken op har oan de meldings- en fergunningsplicht te hâlden as it om it brûken fan wetter foar bereining giet. Wy moatte sunich wêze mei oerflakte- en grûnwetter, seit it Wetterskip.
It Wetterskip is ekstra alert op it foarkommen fan wetteroerlêst: dat klinkt nuver, mar as der straks al in kear flinke buien falle, is der in grutter risiko op oerlêst. Neffens de lêste foarsizzingen is der takom wike kâns op tonger en rein.